West-Dútslân, offisjeel Bûnsrepublyk Dútslân, wie in it westlike part fan it hjoeddeiske Dútslân, sûnder de DDR.

Skiednis Nei it ferlies fan Nazi Dútslân yn 1945 besetten de Alliearden it westlike part fan Dútslân. De Sowjetuny krige it eastlike part fan it hjoeddeiske Dútslân, it eardere Dútske grûngebiet beëasten de rivieren Oder en Neisse kamen by Poalen. De haadstêd soe krektlyk skieden wurde troch de Alliearden yn it westen en de Sowjets yn it easten. Yn it westen kamen lytse dielen fan it eardere Nazi Dútslân by Nederlân, Belgje en Frankryk. Op 23 maaie 1949 waard West-Dútslân as Bûnsrepublyk Dútslân oprjochte, de ûnôfhinklikens ferklearring duorre lykwols oant 5 maaie 1955. It Saarlân hearde nei de Twadde Wrâldkriich by de Frânske besettingssône en waard yn 1947 in autonome regio, yn 1957 kaam it Saarlân by West-Dútslân. West-Dútslân lei yn Kâlde Kriich yn de frontliny, om dy reden wie it tige fan belang dat West-Dútslân by de NAFO komme soe, dat barde op 9 maaie 1955.

Nei de ein fan de Berlynske Muorre op 9 novimber 1989 koene West- en East-Dútslân werienige wurde. Dat barde op 3 oktober 1990.

Dielsteaten De steat bestie út de hjoeddeiske dielsteaten: Baden-Wuertemberch (Baden-Württemberg) Beieren (Bayern) Bremen Hamburch (Hamburg) Hessen Nedersaksen (Niedersachsen) Noardryn-Westfalen (Nordrhein-Westfalen) Rynlân-Palts (Rheinland-Pfalz) 1957: Saarlân (Saarland) Sleeswyk-Holstein (Schleswig-Holstein)

West-Berlyn (Berlin) hearde formeel net by de Bûnsrepublyk.

Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Dútslân Kategory:Republyk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1949 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1990