De Weimarrepublyk is de namme fan it Dútske Ryk yn it tiidrek 1918-1933. De namme komt fan it plak Weimar, dêr't de republyk neffens de konstitúsje fan 1919 ûntstien is. It wie de opfolger fan it Dútske Keizerryk nei't keizer Willem II ôfsetten wie. De republyk wie de earste folsleine demokrasy yn Dútslân, wylst de Bûnsrepublyk nei 1949 de twadde wie. Oan it haad stie in troch it folk keazen rykspresidint. Earst wie de sosjaaldemokraat Friedrich Ebert rykspresidint en letter de konservative generaal Paul von Hindenburg. Guon parten fan de grûnwet en gewoanten fan de Weimarrepublyk libje noch hieltyd troch yn it hjoeddeiske Dútslân. De republyk hie in dreech begjin, om't it fêst siet oan betellings foar de gefolchskeafergoedings fan de Earste Wrâldoarloch neffens it Ferdrach fan Versailles. Ek moast it lân ôfstean. Yn it lân sels wiene der konflikten en rebûljes tusken ferskate groepen. Ekstreme groepen lykas kommunisten en nasjonaalsosjalisten krigen mear oanhing, benammen nei de Krisis fan 1929. Yn 1933 wist de nasjonaalsosjalistyske lieder Adolf Hitler de macht oer te nimmen en feroare er de republyk yn in diktatuer. De namme waard feroare nei Tredde Ryk.

Skiednis Earste Wrâldkriich en oktoberherfoarmings It Dútske Keizerryk rekke yn 1914 belutsen yn de Earste Wrâldkriich tegearre mei bûnsgenoat Eastenryk-Hongarije tsjin de Alliearden Ruslân, Frankryk, Grut-Brittanje en sûnt 1917 de Feriene Steaten. De kriich like ynearsten goed te gean foar Dútslân, mar yn de rin fan 1917 gie it minder. Doe't de Feriene Steaten oan de kant fan Frankryk en Grut-Brittanje begûnen te fjochtsjen, hiene de Dútsers mear en mear ferliezen. Ek de blokkaden fan de havens troch de Alliearden soargen foar in tekoart oan fiedsel en grûnstoffen. Sosjaaldemokraten (SPD), katoliken fan de Sintrumpartij en loftsliberalen, dy't der by keizer Willem II op oantrúnen om part fan it regear te wurden en oan fredesûnderhannelings te wurkjen. De legerlieding, dy't yn noed siet oer in ynstoarting fan it leger, seach doe ek yn dat it oars moast en easke op 29 septimber 1918 dat de trije partijen in nij regear foarmje moasten en dat regear soe ûnderhannelings mei de Feriene Steaten begjinne moatte. Keizer Willem II stelde op 3 oktober 1918 de liberaalgesinde prins Max fan Baden oan en foarme in regear mei Sintrumpartij, loftsliberalen en ek sosjaaldemokraten. Yn oktober sette dat nije regear út ein mei de ûnderhannelings mei de FS, dy't as wichtichste macht sjoen waard. Ien fan de betingsten fan de FS wie dat it keizerryk fierder demokratisearre wurde moatte soe. De sosjaaldemokraten en lofts-liberalen woene dat al langer, mar waarden tsjinwurke troch de keizer, legerlieding, aristokrasy en konservativen. De grûnwet waard oanpast en de rykskânselier moast njonken beneaming troch de keizer ek it betrouwen fan de Ryksdei hawwe.

Novimberrevolúsje en de ein fan it keizerryk thumb|Matroazenopskuor yn novimber 1918 thumb|Scheidemann ropt de republyk út Ein oktober 1918 kaam der lykwols mear opskuor foar yn 't leger en benammen yn de marine, om't men seach dat de kriich al ferlern wie. Dêrtroch ûntstiene rebûljes yn de Noarddútske havenstêden en dy sloegen al gau oer nei de rest fan 't lân. Op 9 novimber bruts yn de haadstêd Berlyn de Novimberrevolúsje út. Ut noed foar in likese tastân as dy yn Ruslân in jier earder, twong rykskânselier Max fan Baden de keizer ôf te treden en hysels joech it kânselierskip oer oan de foarsitter fan de SPD, Friedrich Ebert. Ebert sels wie ek tsjin in gewelddiedige revolúsje en stribbe nei in stadige ûnjouwing fan de ûntwikkelings. Ynearsten woene de SPD en in soad partijen wol fierder mei de monargy en foarmje dan in wiere grûnwetlike monargy. Allinnich de ekstreme sosjalisten en kommunisten woene perfoarst in ein fan de monargy. De sosjaaldemokraat Philipp Scheidemann rôp lykwols op 9 novimber de republyk út om radikale sosjalisten en kommunisten foar te wêzen, dy't winliken in sosjalistyske republyk útroppe woene. Ebert wie ynearsten net bliid mei Scheidemann syn beslút en wiisde him der op dat in 'nasjonale gearkomste' it foech hie en kies tusken de monargy en in republyk. Mar de keizer wie njonkelytsen al nei Nederlân flechte en ek oare Dútske foarsten wiene ôfsetten, dus it wie no wol wis dat Dútslân in republyk wurde soe. Yn it regear fan Ebert (de Ried fan Folkskommissarissen) sieten trije sosjaaldemokraten en trije radikale sosjaaldemokraten fan de Unôfhinklike Sosjaaldemokratyske Partij fan Dútslân (USPD). De USPD-leden ferlieten de Ried lykwols, nei't de Ried mei help fan keizerlike troepen en oare groepen soldaten (de frijkorpsen) loftse rebûljes, lykas de Spartakusopstân delslein hawwe. De Ried rôp ferkiezings út foar de Nasjonale Gearkomste foar jannewaris 1919.

Nasjonale Gearkomste en Weimargrûnwet thumb|left|De grûnwet fan Weimar: it idee en de werklikheid Om't yn Berlyn noch in soad strideraasjes geande wiene tusken loftsradikalen, it leger en de frijkorpsen, kamen de ôffurdigen fan de Nasjonale Gearkomste op 6 febrewaris 1919 nei de stêd Weimar yn Tueringen, dêr't hja yn it pleatslik teäter gearkamen. De sosjaaldemokraten (SPD) en loftsliberalen fan de Dútske Demokratyske Partij (DDP) hiene in soad stimmen krigen. Tegearre mei de katolike Sintrumpartij foarmen hja de koälysje fan Weimar. Dochs ferlear de koälysje yn juny 1920 foargoed syn mearderheid. Yn alle regearen tusken 1920 en 1932 sieten de Sintrumpartij, DDP en de Dútske Folkspartij (DVP), stipe troch sosjaaldemokraten of konservativen. De nije grûnwet (Verfassung für das Deutsche Reich, deselde namme as earder) fan 11 augustus 1919 wie ien fan de nijmoadrichste wetten yn 'e wrâld. Froulju krigen aktyf en passyf kiesrjocht en folksstimmingen en grûnrjochten foar Dútsers waarden tasein. It Dútske steatshaad dat foarhinne de erflike keizer wie, waard no Rykspresidint, dy't om de sân jier troch it folk keazen waard. It regear waard beneamd troch de Rykspresidint, mar de Ryksdei koe leden fan it regear twinge om ôf te treden. Fan de gearkomste yn Weimar ôf oant de ferkiezings yn juny 1920 wie de Nasjonale Gearkomste it foarriedich parlemint, dêr't ek froulju yn sieten. Op 11 febrewaris waard Ebert as Rykspresidint keazen. Yn de werklikheid moast de rykspresidint gauris sels beslissings nimme of wetten trochdrukke, om't yn in koälysje de regearjende partij net altyd stipe krije koe fan oare partijen. Sa stadichoan wie de ynfloed fan de rykspresidint op de polityk net in soad minder as dy fan de eardere keizer.

Ferdrach fan Versailles thumb|Dútslân nei it Ferdrach fan Versailles Grien: ûnder foech fan de Folkebûn Giel: anneksearre troch buorlannen Ljochtbrún: Weimarrepublyk Op 11 novimber 1918 tekene Dútslân, fertsjintwurdige troch de loftse katolyk Matthias Erzberger, it wapenstilstân mei Frankryk, Grut-Brittanje en de Feriene Steaten. De Dútsers hopen op in fredesferdrach neffens de Fjirtjin Punten fan de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson, dat net al te swier foar Dútslân wêze moatte soe. Yn juny 1919 krige de Nasjonale Gearkomste de easken fan de Alliearden: Dútslân waard as iennige skuldige befûn en moast alle kosten fan de kriich fergoedzje. Dútske eigendommen yn it bûtenlân waarden yn beslach naam, bygelyks banktegoeden, replik en ûnreplik guod, patinten op Dútske útfinings, bûtenlânske filialen fan Dútske ûndernimmings. Dútslân moast trettjin prosint fan syn grûngebiet en alle koloanjes ôfstean. It Dútske leger mocht net grutter as 100.000 man wêze en mocht bepaalde swiere kriichsark en fleantugen net besitte. Guon gebieten moasten ûntromme wurde fan Dútske militêren en festigings. It Rynlân, it Dútske gebiet bewesten de Ryn, waard troch alliearde troepen beset.

Dat ferdrach waard besletten sûnder dat der mei Dútslân oer de easken ûnderhannele waard. De Dútsers moasten alles mar oannimme, want oars soe de kriich wer trochsetten wurde. En de blokkade fan de havens, dy't noch altyd fan krêft wiene, soene trochsetten wurde. It Dútske leger wie al foar in grut part fersloppe, ûntwapene en soldaten wiene net mear motivearre en fjochtsje fierder. Dat soe betsjutte dat it leger ferslein waard en Dútslân folslein beset wurde soe. En boppedat wie der de driging dat der hongersneed útbrekke soe. De Dútske delegaasje ûnder lieding fan minister fan útlânske saken Ulrich von Brockdorff-Rantzau hie, nettsjinsteande ûnder fûl protest, gjin oare kar as mar te tekenjen. Yn Dútslân waard op dit ferdrach (yn Dútslân it Diktaat fan Versailles neamd) negatyf reagearre en it foel net goed dat Dútslân as iennige skuldige befûn waard.

Krisisjierren 1919-1923 thumb|In bankbiljet fan 1 miljoen mark thumb|Biljet fan 50 miljoen mark op 1 septimber 1923 dat ien Amerikaanske dollar wurdich wie De Weimarrepublyk hie yn syn earste fjouwer jier in dreech bestean. Der wiene in soad politike tsjinstanners en benammen de radikale partijen brûkten gauris geweld. Hja giene mei knokploegen, of ek wol mei lytse militêre ôfdielings, inoar oan de lea en oanslaggen, sels moard, op tsjinstanners kamen regelmjittich foar. Lofts fan it politike spektrum wie de Kommunistyske Partij fan Dútslân dy stipe waard troch de Sowjetuny. Kommunisten hiene each foar machtsoername yn yndustriële lannen oer de gânse wrâld, lykas yn Dútslân. Oan de oare kant stiene rjochtsradikalen, dochs fan ferskillende streamings. Der wiene de monargisten dy't it eardere keizerryk wer werom woene en dan wiene der radikale Dútske sjovinisten en rasisten dy't alles wat net-Dútsk wie fuort hawwe woene. By dizze lêste groep hearden de nasjonaalsosjalisten (nazys) ûnder lieding fan Adolf Hitler, dy't yn 1923 yn Beieren besochten de macht oer te nimmen yn de saneamde Bierkellerputsch (hjoed-de-dei ek de Hitlerputsch neamd). Rjochtsradikale groepen hawwe yn 1921 de eardere minister fan finânsjen Matthias Erzberger en yn 1922 de minister fan útlânske saken Walter Rathenau fermoarde op beskulding fan 'lânferried', om't hja mei tekene hawwe oan it Ferdrach fan Versailles. Ek guon leden fan aristokratyske en militêre eliten wiene sa no en dan ek radikaal en wurken bytiden wol mei de rjochtsradikalen, bygelyks sa as by de Kapp-Putsch (1920). Dútslân kaam boppedat ek yn in ekonomyske krisis telâne en dat rekke op syn hichtepunt yn 1923. Dútslân hat neffens in alliearde kommisje net genôch hout en koalen levere om oan syn skulden te foldwaan. Dêrom besetten Frankryk en Belgje it Ruhrgebiet en lis beslach op de koalen. Amtners en mynwurkers waarden troch it ryksregear oproppen en wurkje net mei de besetters gear. Hja waarden lykwols wol troch betelle troch it ryksregear. Dit late ta mear ynflaasje. It regear betelle mei nijprinte biljetten en yn novimber 1923 koste ien Amerikaanske dollar wol ien biljoen mark. Yn de moanne novimber 1923 rekke it ta it djiptepunt mei de mislearre Hitlerputsch en kommunistyske rebûljes ynbegerepen. It nije regear fan Gustav Stresemann besocht in ein oan de ûntstiene tastân te meitsjen.

Bettere jierren thumb|Gustav Stresemann by de Folkebûn yn Sjenêve yn 1926 De jierren 1923 oant 1929 wie in bettere tiid mei mear woltier, politike stabiliteit en in bettere ferhâlding mei de westerske alliearden. Dy snuorje wurdt ek wol it Stresemann-Tiidrek neamd nei de rjochtsliberaal Gustav Stresemann, dy't yn 1923 twa skoftkes rykskânselier en dêrnei oant syn dea yn 1929 minister fan útlânske saken wie. Hy ûnderhannele mei de alliearden neffens it Dawesplan oer in regeling oangeande it beteljen fan in part fan de skulden. Dêrtroch waard de munt wer sûner en koe men bygelyks wer in soad jild fan de Feriene Steaten liene. Yn 1925 tekene Dútslân it Ferdrach fan Locarno dêr't de grinzen fan Dútslân yn garandearre waarden. Dútslân trede yn 1926 nei in skoftke drúskjen ta de Folkebûn.