thumb|19e-iuwske ôfbylding fan de wettergeuzen Jacob Cabeliau en Jan Bonga Jan Bonga († 1580) wie in wettergeus en grytman fan West-Dongeradiel tusken 1560 - 1567. Hy wie lid fan it Ferbûn fan Eallju (1566). Yn 1567 wenne er yn ballingskip yn Emden.

Bonga focht by Heiligerlee en Jemgum en waard yn 1569 wettergeus. Yn 1570 plondere hy Hylpen en die in ynfal yn Fryslân yn 1572. Nei syn besetting fan de stêden Snits en Boalsert waard er wer ferjage. Doe't er yn 1578 werom kaam krige er fan de Greve fan Rennenberg yn 1579 it befel oer Boalsert.

Yn 1580 waard er by in gefjocht yn Grinslân deadlik ferwûne.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan West-Dongeradiel Kategory:Frysk opstanneling Kategory:Frysk balling Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn 1580