Jemgum (Eastfrysk: Jemmen, Nederlânsk ferâldere: Jemmingen) is in doarp en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn de lânkring Lier, oan de Iems. De gemeente hat ynwenners (). De gemeente foarmet mei de buorgemeenten Bunde, Weener en it doarp Bingum yn de gemeente Lier, it Dútske diel fan de streek Reiderlân yn East-Fryslân.

Plakken yn de gemeente Jemgum De gemeente bestiet út alve kearngebieten (Ortschaften) en byhearrende buorskippen (Ortsteile):

Doarpsgebiet Ynwenners jemgum.de; oproppen op 2 oktober 2024. Oerflak (km²) byhearrende buorskippen Jemgum 1531 11,89 Eppingawehr, Jemgumgaste, Klimpe, Neu-Sappenborg (earder Timpe neamd), Sappenborg Ditzum 657 10,39 Aaltukerei (foar in part), Ditzumerhammrich (foar in part), Großwarpen, Kleinwarpen Midlum 295 7,42 Eppingawehr Holtgaste 235 8,46 Soltborg, Groß-Soltborg, Bentumersiel, Jemgumkloster, Deddeborg, Geise Pogum 205 4,75 Dyksterhusen Hatzum 160 9,79 Boomborg, Eilingwehr, Hatzumerfehn Critzum 158 6,97 Coldeborg, Coldeborger Burgplatz, Coldeborgersiel, Marienchorer Balkhaus Nendorp 126 4,22 Wischenborg Oldendorp 87 5,29 Arche, Entennest, Ledige Platz, Leegeplatz, Oldendorper Hammrich, Oosting, Wischenborg Böhmerwold 51 4,73 Bovenhusen Marienchor 38 4,57 Marienchorer Bülthäuser Totaal 3540 78,48 –

Buorgemeenten De gemeente Jemgum grinzget oan Bunde, Weener, Lier en Moormerland.

Namme De namme Jemgum is ôflaat fan Giminga haim, "hiem fan de lju fan Gimo". Yn de tsiende iuw wurdt er Giminghem yn 1284 Gemmegum, yn 1456 Gemgum, om 1500 hinne Gemmingum en yn de fyftjinde iuw Gemmingen neamd.

Skiednis Yn de midsiuwen stie justjes westlik fan it doarp de Kommanderije Jemgum, in kommanderije fan de Oarder fan Sint-Jan.

Yn 1533 en 1568 wienen by Jemgum twa fjildslaggen. De earste Slach by Jemgum fûn yn 1533 plak. De twadde Slach by Jemgum út 1568 wie foar Nederlân de wichtichste.

De hjoeddeistige gemeente Jemgum is in fúzje fan 11 eartiids selsstannige (sjoch hjirboppe) dy't yn 1973, yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen, gearfoege waarden ta de nije gemeente Jemgum. It haadplak Jemgum waard stifte yn de 8e iuw.

De doarpen yn de gemeente Jemgum wiene ynearsten selsstanige gemeenten (Kommune). Yn 1961 waarden se part fan de gearwurkjende gemeente (Samtgemeinde) Jemgum, dy't op 1 jannewaris 1973 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen in ienheidsgemeente waard.

Taal Yn de gemeente Jemgum wurdt der njonken it Heechdútsk it Eastfrysk Plat sprutsen. Alteast ûnder folwoeksenen wurdt it Plat deistich brûkt. De gemeente, mei stipe fan it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft, befoarderet it brûken fan it Plat.

De beukerskoalle fan Midlum hearde yn 2006 as ien fan de earste beukerskoallen dy't fan it Plattdütskbüro as Meersprakig Kinnergaarn (meartalige beukerskoalle) oanwiisd waard.

Untwikkeling ynwennertal thumb|Mûne fan Jemgum Lykas yn oare gemeenten yn 'e klaaistreek fan East-Fryslân (bygelyks Krummhörn) leit it hjoeddeistige ynwennertal krapoan heger as yn 'e 19e iuw, dat te krijen hat mei it leechrinnen fan it plattelân as gefolch fan it ôfnimmende belang fan de lânbou as faktor op 'e arbeidsmerk. Benammen it berop fan lânarbeider is hast net mear werom te finen, mei útsûndering fan wurknimmers fan agraryske leanbedriuwen. Sa hie it doarp Jemgum yn 1800 in ynwennertal fan 1.100, amper heger as 200 jier letter. Midlum hie yn 1823 323 ynwenners, en yn 2008 wiene dat der 316. Ditzum hie yn 1823 676 ynwenners, yn 2008 wiene dat der 696.

Nei de Twadde Wrâldkriich kaam it troch it opfangen fan in soad flechtlingen út 'e Dútske eastgebieten ta in tydlik sterk tanimmen fan de befolking dy't lykwols net lang duorre. Sûnt de iee 1970-er jierren nimt it ynwennertal fan 'e gemeente ôf. Yn 2000 wennen der noch 3.807 minsken yn 'e gemeente, tsien jier letter wiene dat der 3.617, itjinge delkomt op it sakjen fan 190 minsken of 4,99 prosint.

Jier Ynwenners 1960 4522 1965 4380 1970 4456 1975 4136 1980 3850 1985 3797 1990 3858 1995 3787 2000 3807 2005 3712 2010 3617 2015 3539

Polityk 270px|thumb|Haven fan Ditzum Njonken it gemeentehûs yn Jemgum is der in gemeenteloket yn it doarp Ditzum.

Gearstalling gemeenteried De gemeenteried fan Jemgum bestiet út 14 leden. De keazen boargemaster fan rjochtswegen ek lid fan de gemeenteried. Gearstalling fan de gemeenteried, nei de ferkiezings fan 12 septimber 2021:

PartijSittenSPD 5CDU 4 Jemgum 21 4FDP 1 Boargemaster 1 (fan rjochtswegen)Totaal 15

Nijsgjirrich De toer fan Midlum stiet skeaner as de Toer fan Pisa efterinoar 6,74° en ± 4°.

Keppeling om utens Webstee Jemgum Beskriuwing fan Jemgum (; 653 kB) yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Plak yn Lier (distrikt) Kategory:Gemeente yn Lier (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân