De kabaretgroep NUHR (Niet Uit Het Raam), besteande út Joep van Deudekom, Peter Heerschop, Viggo Waas en Eddie B. Wahr, makke al spraakmeitsjende kabaretprogramma's doe't de hearen frege waarden foar it VARA-telefyzjeprogramma Kopspijkers.

Niet uit het raam wurdt yn 1987 oprjochte as de hearen wat dwaan wolle foar it lustrumfeest fan de sportakademy wêr't se op sitte. Omdat se net ynspylje op de aktualiteit, beskôgje se harren sels net as kabaretier. Boppedat binne se net polityk engasearre en bringe eins ek gjin boadskip oer.

Yn datselde jier (1987) dogge se mei oan Cameretten en krije dêrmei lanlike bekendheid at se yn de finalle witte te kommen. Mei harren earste jûnfollende programma "De Kift" stean se yn 1988 yn de Nederlânske teaters. De populariteit fan it selskip groeit ûnder kabaretleafhawwers en NUHR makket geregeldwei in nije teaterfoarstelling.

De Ploeg Ein jierren njoggentich wurdt De Ploeg oprjochte. Dizze groep bestiet neist Joep van Deudekom, Peter Heerschop en Viggo Waas ek út Han Römer, Titus Tiel Groenestege, Genio de Groot en ferskate gastakteurs as Najib Amhali en Piet Römer. De Ploeg makket gjin humor, mar komysk drama, wat de minsken dy't ferwachtsje nei in humoristyske jûn te gean, soms wat fernuveret. De earste foarstelling Vinger in de pap is lykwols in grut súkses.

Programma's 1987: Wienieniewiezegtzegtniewiewie (Cameretten) 1988: De Kift 1990: Wonderkinderen 1992: Sprokkelaars 1993: Uitverkorenen 1994: Het verdrag 1994: Niet uit het raam zingen (lietsjesprogramma) 1994: Het leven is... (telefyzjeprogramma) 1996: Afgeragd 1996: Niet uit het raam luisteren (lietsjesprogramma) 1997: Aardige mensen (telefyzjeprogramma) 1997: Alle dertien NUHR (lietsjesprogramma) 1997: NUHR-tv (telefyzjeprogramma) 1998: De Ploeg: Vinger in de pap 1998: Kruistocht (mei Eddie B. Wahr) 1999: De Ploeg II: En nu.. revue! 2000: De nacht van NUHR (ienmalige foarstelling) 2000: Driestuiversopera (toanielstik: De Ploeg mei Carice van Houten en Margôt Ros fan NNT) 2001: Hangplek 2002: Wachten op Godot (toanielstik fan NNT mei Viggo Waas, Peter Heerschop, Justus van Oel, Hans Riemens en Andrew Makkinga) 2002: Familie van der Ploeg (bernesearje foar de VPRO) 2002: Festen (toanielstik: De Ploeg mei Piet Römer, Saskia Temmink en Ria Marks) 2003: Over de top (Winner Poelifinario) 2005/2006: Vendetta, De Godvader deel IV (toanielstik: De Ploeg mei Najib Amhali, Lies Visschedijk en Marisa van Eyle) 2007: Natuurlijke selectie 2008: Ben Hur 2010-2011: Het werkt wel 2012 .... De ploeg danst op de vulkaan 2013-2014: Back to Basic 2015-2017: Draai het eens om (winner fan de Poelifinario 2016) 2018: Alle 30 NUHR

Diskografy 1994: Niet uit het raam zingen 1996: Niet uit het raam luisteren 1998: Alle dertien NUHR 2001: Zinloos genieten

Keppeling om utens NUHRder Courant

NUHR