Erna Augusta Brinkman (Snits, 25 maart, 1972) is in eardere Frysk follybalster. Se kaam foar Nederlân út op de Olympyske Spullen fan 1992 en op dy fan 1996.

Brinkman spile yn it Nederlânsk follybalteam dat de gouden medalje wûn op it Europeesk kampioenskip fan 1995 troch Kroaasje yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Erna Brinkman 333 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Ynterlannen oersjoch NeVeBo

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Frysk follyballer Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1972