De nutekreaker (Nucifraga caryocatactes) is in fûgel út it skaai fan de nutekreakers yn de famylje fan de Kriefûgels.

Foarkommen De nutekreaker is mei in 32 oant 35 sm. like grut as de Houtekster. De soarten hawwe lykwols net deselde foarm: de Nutekreaker hat in koartere sturt en in gruttere kop. De fûgel hat in wjukspanwiidte fan 50 oant 58 sm. en in gewicht fan 120 oant 170 gram. thumb|left|Nutekreaker yn it Nasjonaal Park Retezat, Roemeenje.

Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren. De fearren binne meast donkerbrún mei wite flekken. De fearren boppe op de kop, de wjukken en de boppekant fan de sturt binne hast swart. De ûndersturtfearren en it lêste part fan de sturtfearren binne wyt.

Fersprieding De nutekreaker komt meast foar yn nuddelbosken. Syn libbensgebiet is beheind ta de plakken dêr't de spjirre, pynbeam en hazzenutebeam foarkomme. Sa komt de soarte foar yn Súd Skandinaavje, Súd Finlân, de Baltyske Steaten en fan Poalen oant yn Sibearje. Ek yn Dútslân komt de Nutekreaker foar, yn it Middenberchtme en de Alpen.

Taksonomy

Der binne njoggen ûndersoarten: Nucifraga c. carycatactes Linneaus 1758, de normale foarm dy't yn Jeropa foarkomt Nucifraga c. macrorhynchos C. L. Brehm 1823, yn de Oeral en east dêrfan Nucifraga c. rothschildi Hartert 1903, komt foar yn Tien Schan Nucifraga c. japonicus Hartert 1897, komt foar yn Japan Nucifraga c. interdicta Nucifraga c. macella Nucifraga c. hemispila Nucifraga c. multipunctata dizze fjouwer ûndersoarten komme yn de Himalaya Nucifraga c. owstoni komt foar op Taiwan

Iten Simmerdeis libbet de nutekreaker it meast fan ynsekten en yt er dêrneist ek noch hagedissen, kikkerts, fûgelaaien en lytse fûgels út it nêst. Yn de neisimmer yt er ek beien. Winterdeis yt er meast de siedden fan de nuddelbeammen. It leafst de pynappelpitten, mar ek de hazzenuten.

By it iten fan nuten pakt de nutekreaker de nút yn syn poat en spjalt dy mei syn sterke snaffel yn stikken. Ek de pynappelpitten knapt er mei syn snaffel yn stikken.

De nutekreaker leit ek in foarrie oan foar by't winter. Hy hakket mei syn snaffel in gat yn de grûn en makket it dêrnei wider troch syn snaffel hieltiten yn 't wiidst iepen te dwaan. Dêrnei wurdt syn krop fol mei pynappelpitten en hazzenuten yn it gat lege. De foarriegatten wurde troch de fûgel ek at der in laach snie leit sûnder lang sykjen weromfûn.

Fuortplanting De nutekreaker makket syn nêst meast betiid yn it jier heech yn de nuddelbeammen, ornaris flakby de stamme. It meast wurde dêrfoar spjirren of dinnen brûkt. It wyfke leit sa'n 3 as 4 aaien dy't yn 16 oant 21 dagen útbret wurde. De jongen fleane nei in trije wiken út.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Nutekreaker Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia