De Lytse Mûne, ek bekend as Binnema's Mûne, is in poldermole en ryksmonumint ûnder Stiens.

Beskriuwing De Lytse Mûne is in mealreeë muonts, dy't oarspronklik yn 1913 boud waard. Yn 1987 waard de muonts eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't de mûne restaurearje liet en op 'e nij sette op it hjoeddeiske stee oan de súdwestrâne fan Stiens, tichtby de N367.

Dêr is er ynmealler foar de eardere polder 'Binnema'. Mei in flecht fan 9 meter is de Lytse Mûne te beskôgjen as de lytste achtkante mûne fan Fryslân en Nederlân.

De Lytse Mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens

Binnema's Mûne op Moledatabank Binnema's Mûne op op De Hollandsche Molen

Kategory:Stiens Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1913 Kategory:Mole yn Ljouwerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwerteradiel