WTOC, wat stiet foar Westergeest Triemen Oudwoude Combinatie, is in fuotbalklup dy't spilet op sportpark De Wygeast oan de Swartewei yn Aldwâld. De feriening is oprjochte op 28 april 1964. Sa at de namme al oanjout, komme de spilers neist Aldwâld ek út Westergeast en De Trieme. It tenu fan de klup bestiet út in giel shirt mei blauwe baan, blauwe broek en blauwe sokken.

Kategory:Fryske fuotbalklup Kategory:Aldwâld Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1964