right|thumb|250px|De bloedsomrin fan in Minsklik lichem It minsklik lichem, of te wol de anatomy fan it minsklik lichem of antropotomy is in spesjaal gebiet binnen de anatomy dat de organen en orgaansystemen bestudearret fan it minsklike lichem. De stúdzje fan weefsels hjit histology en de stúdzje fan sellen sytology. It minsklik lichem wurdt, lykas as by alle dierlike organismen, gearstald út systemen, dy't út organen gearstald wurde en dy't op har bar gearstald binne út sellen.
Wichtige systemen fan it minsklik lichem Kardiovaskulêr systeem: transport t.m.f. bloedrin; hert en bloedfetten Spiisfertarringssysteem: ferwurking fan fiedsel; mûle, maach en termen Endokrynsysteem: regeling t.m.f. hormoanen; klieren dy't ôfskiede oan bloed Eksokrynsysteem: klieren mei ôffierbuis Ymmúnsysteem: ferdigening tsjin lichemsfrjemde aaiwiten/organismen Hûd, Hier en Neilen beklaaiïng lichemsoerflak Spiersysteem: beweging; spieren Senuwstelsel: ynformaasjeferwurking; senuwsellen Reproduktyf systeem: fuortplanting; de geslachtsdielen Sykheljensysteem: gaswikseling; longen, longpiip, longblaaskes Bonkerak: stipe en beskerming; bonken en knarsbien
Utwindige dielen Algemiene nammen fan minsklike lichemsdielen dy't goed-bekend binne, fan boppe nei ûnderen:
Hûd Holle -- Foarholle -- Each -- ear -- Noas -- Mûle -- Tonge -- Tosken -- Undertsjeak -- Gesicht -- Wang - Kin hals -- Kiel -- Adamsappel -- Skouders Earm -- Earmtakke -- pols -- Hân -- Fingers -- Tomme Rêchbonke -- Boarst -- Ribbekast -- Flank Bûk -- Geslachtsdielen (Penis/Skroatum of Klitoaris/Fagina) -- Rektum -- Anus -- Taille Heup -- Lende(n) -- Billen -- Skonk -- Dij -- Kût -- Knibbel -- Hakke -- Ankel -- Foet -- Teannen
Ynterne organen Algemiene nammen fan ynterne organen:
Bynieren -- Termfinger -- Blaas -- Harsens -- Koarte term -- Galblaas -- Hert -- Terms -- Nier -- Longen -- Lever -- Aaistokken -- Alfleisklier -- Byskyldklier -- Hypofyze -- Prostaatklier -- Milt -- Mage -- Sweedrik -- Skyldklier -- Testikels -- liifmoer
De anatomy fan de harsens Amygdala -- Harsensstam -- Lytse harsens -- Harsenskors -- Hypotalamus -- Limbysk systeem -- Medulla oblongata -- Mesensefalon -- Hypofize -- Pûns
Sjoch ek List fan lichemsdielen Spier Bonke Sel Harsens
Kategory:Lichem Kategory:Minsklike anatomy