thumb|Lokaasje fan de Ardinnen De Ardinnen (fan it Keltyske Arduenna foar heechlân) is in natoergebiet yn it súdeasten fan Belgje en foar in lyts part yn de oanswettende lannen Frankryk en Lúksemboarch. It heechste punt fan de Ardinnen (en ek fan Belgje) is de Sinjaal fan Botrange mei 694 m. Yn it easten grinst de Ardinnen oan de Eifel in Dútsktalich Belgje en Dútslân. Yn de Ardinnen binne û.o. wylde baargen, harten, rôffûgels, lynksen en bevers te finen. De wichtichste rivier bin de Maas.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich besochten de Dútsers mei it Ardinnenoffensyf it gebiet werom te feroverjen tsjin de Alliearden dy't besochten nei it westen te tsjen.

Winterdeis kin it wol sa kâld wurde dat der gauris snie leit. Dêrtroch binne de Ardinnen ek in wintersport gebiet.

Bekende plakken Yn de Belgyske Ardinnen: Bastenaken (Bastogne) Bertrix Bouillon Daverdisse Durbuy Gedinne Houffalize La Roche-en-Ardenne Libramont-Chevigny Malmedy Neufchâteau Saint-Hubert Sankt Vith Spa Stavelot Verviers

thumb|right|550px|De Maas yn de Frânske Ardinnen Yn de Frânske Ardinnen: Fumay Givet Revin

Yn de Lúksemboarchske Ardinnen: Clervaux Diekirch Esch-sur-Soere Ettelbruck Vianden Wiltz

It besjen wurdich It Kastiel fan Bouillon It Labyrint fan Barvaux Bastenaken Transinne