It Ald Slot, ek: Roardastate, oan de Slotwei is in ryksmonumint yn Wergea. It Ald Slot, oarspronklik Ald Roarda neamd, waard om 1790 boud as in state. By de bou waard in soad materiaal brûkt fan de ôfbrutsen stins, dy't dêr oant 1774 stien hat.

It Ald Slot tsjinne fan 1989 oant 2019 as museum.Eind aan 't Ald Slot in Wergea, met pijn in 't hart yn: Ljouwerter Krante, 14 desimber 2018, dêr't stylkeamers út de 18e iuw en 19e iuw te sjen wiene.

Yn de oanbou wie ek it ynterieur fan in arbeidershúske te sjen. Yn de kelder, dy’t ek as eksposysjeromte brûkt waard, stiene fitrines. Der koene ek bernejierdeis en Ald-Fryske spulmiddeis organisearre wurde.

De tún wurdt al neamd yn De Tsien fan Martens Afke, fan Nienke fan Hichtum.

Bewenners 1423 - Siurd Roarda ± 1500 - skaai Bootsma 1589 - Dr. Tiede fan Popma thoe Ylst 1787 - Reynoldus Popma-de Schiffart 1982-2019 - Fam. D. Dijkstra

Ofbylden

Keppeling om utens It Ald Slot op Stinzen yn Fryslân

Kategory:Earder museum yn Fryslân Kategory:Wergea Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:State Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Boarnsterhim Kategory:Stins of state yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1989 Kategory:Organisaasje opheft yn 2019 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1774 Kategory:Bouwurk út 1790