Aldheidkeamer Weststellingwerf sit sûnt 1954 yn mole Wynlust oan de Sulverleane yn Wolvegea. De kolleksje is ferdield oer trije ferdjippings: ûnder De tsjernmole mei aden, bûter- en tsiisfoarmen en in winkeltsje fan Ensing. 1e ferdjipping Omtinken oan feanterij, rotanyndustry yn Noardwâlde, weinmakkerij, diggelguod en Fryske dracht. Sûnt koart is der in keamer en koken út de jierren '50 fan de 20e iuw. 2e ferdjipping: Skoallokaaltsje, skuonmakkersark, boartersguod en Pieter Stuyvesant.

Sjoch ek List fan Fryske musea

Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Organisaasje yn Wolvegea Kategory:Weststellingwerf Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1954