Elma de Vries (De Haule, 20 maart 1983) is in earder Frysk langebaanrydster, skeelerster en maratonrydster. Sy waard yn it seizoen 2007/08, krekt as har broer Bob de Vries, útroppen ta maratonrider fan it jier.

Yn it seizoen 2001/2002 ried Elma de Vries ( bynamme Elmie of Elmo) yn Jong Oranje. Nei 2 WK's foar junioaren en 2 seizoenen stoppe se lykwols mei it langebaanriden. Hjirnei gie se troch mei maratonriden. Har rentree yn it langebaanriden makke se yn seizoen 2006/2007 by it NK ôfstannen. It seizoen dêrnei helle se ûnder mear in fjirde plak op de 5000 meter. Har karriêre yn it maratonriden is in stik ymposanter. Yn seizoen 2005/2006 wûn se 7 kear op keunstiis wêrûnder 3 etappes fan the Greenery en de iepeningswedstriid fan it seizoen. Boppedat waard se winner fan de greenery 4-deiske en tredde yn it einklassemint.

Persoanlike rekords 500m : 40,71 (15 novimber 2002 yn Erfurt) 1000m : 1.20,29 ( 8 maart 2003 op It Hearrenfean ) 1500m : 2.02,85 ( 17 novimber 2002 yn Erfurt ) 3000m : 4.15,52 ( 27 oktober 2007 op It Hearrenfean ) 5000m : 7.02,90 ( 1 desimber 2007 yn Kolomna )

Resultaten jier NK Ofstannen NK Sprint WK Junioaren 2001 2002 efterfolging 2003 5e 1500m 4e 3000m 4e 2004 8e 1500m 7e 3000m 6e 5000m 2007 7e 3000m 6e 5000m 2008 7e 3000m 4e 5000m

List fan wrâldrekords langebaan Nr. Ofstân Tiid Datum Baan jr1 1500 m 1.58,93 21 maart 2002 Calgary jr2 3000 m 4.09,66 22 maart 2002 Calgary jr3 mini fjouwerkamp 159,938 22 maart 2002 Calgary

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne op De Haule Kategory:Persoan berne yn 1983