Thomas Adrianus Romein (Ljouwert, 16 desimber 1811 – Ljouwert, 24 febrewaris 1881) wie in Fryske arsjitekt.
Beheinde biografy Thomas Romein wie de soan fan de timmerman Jacob Romein. Nei de skoalle yn Ljouwert studearre hy yn Rotterdam. Yn 1843, neidat hy earst yn tsjinst west hie fan Wettersteat, waard hy stedsarsjitekt fan Ljouwert. Fan 1874 oant 1881 wie Romein ek direkteur gemeentewurken en hy organisearre de Ljouwerter brânwar., Encyclopedie van Friesland, 1958. Romein, Thomas
Yn 1860 sloech Romein in oanbod fan de gemeente Utert foar de funksje fan stedsboumaster ôf fanwegen in neffens him te leech salaris. As stêdsboumaster woe er neutraal de publike saak tsjinje kinne en syn salaris net oanfolle moatte mei opdrachten foar partikulieren., Thomas Romein, in classicistisch bouwmeester in het Friesland van de 19e eeuw, in Opus Musivum, side 449, 449.
Hy ûntwurp benammen neoklassisistyske gebouwen.
Inkele wurken Plak Wurk JierOfbyldDokkumDoopsgesinde tsjerke185290pxLjouwertHaadwacht1845Ljouwert Paleis fan Justysje1851LjouwertLikehúske begraafplak Spanjaardsleane1874LjouwertMiddelbere skoalle foar famkes, Grutte Tsjerkestrjitte 121876LjouwertBeurs- en waachgebou1880LjouwertSteedlik Gymnasium1881MenaamGemeentehûs1843PitersbierrumTsjerke1845Sint JabikGroate Kerk184490pxTerbantRotondetsjerke1845
Literatuer , Thomas Romein; Neoclassicisme in Friesland, Ljouwert 1992.
Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1811 Kategory:Persoan stoarn yn 1881