Fuotbalferiening De Harkema-De Pein is oprjochte op 5 july 1946 en spilet op de fjilden oan Sportpark de Bosk op De Harkema. It tenu fan de klup bestiet út in grien-giele streke shirt, griene broek en rien-giele streke sportsokken.
Skiednis Yn de earste sân jier fan har bestean fjirde Harkema-De Pein 1 leafst fiif kampioenskippen. Letter yn 1970 soe de klup sels it heechst helbere amateurnivo helje: de earste klasse. Sûnt 1972 spilet de Harkema-Opeinde har thúswedstriden op Sportpark De Bosk op De Harkema, dizze akkommodaasje diele se mei de Harkemase Boys. Oant 2016 wie Harkema-De Pein in sneinsferiening. Dat jier waard der by in ledegearkomste besletten dat de klup de oerstap meitsje soe nei it sneonsfuotbal.
Kategory:De Harkema Kategory:Fryske fuotbalklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1946