Marrit Leenstra (Wikel, 10 maaie 1989) is in earder Frysk langebaanrydster út Wikel. Se ried oant seizoen 2008/2009 by Jong Oranje. Yn maart 2008 stie se op in 27e plak op de Adelskalender.

Biografy Seizoen 2006/2007 Yn novimber 2006 ried Marrit Leenstra (mei trener Jan van Veen) foar it earst in wrâldbekerstriid, dit wie de 1500 meter yn Moskou. Dit kaam troch har 9e plak op it NK ôfstannen en in oantal ôfsizzings. Se waard 6e yn de B-groep.Utslach WC 1500m B-groep dames.

Seizoen 2007/2008 Leenstra bruts troch op it NK ôfstannen 2008 wêr’t se brûns op de 1500 meter wûn. Hjirmei pleatste se har foar de world cup-wedstriden. Ek pleatste se har foar de 1000 meter, want dêr einige se as fjirde. By de world cup op 10 novimber 2007 pakte se it wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter ôf fan Ireen Wüst en dêrmei waard se alfte"Leenstra snoept record van Wüst af" NU.nl, 10 novimber 2007. By it NK Allround wûn se op ferrassende wize dizze ôfstân"Marrit Leenstra wint 1500 meter NK allround" NRC.nl, 30 desimber 2007 en einige se as 4e, wêrmei’t se har fersekere fan dielname oan it EK Allround yn Kolomna"Leenstra kan meer dan gedacht" Planet, 30 desimber 2007"NK allround: Wüst prolongeert titel" Sport1, 30 desimber 2007. Hjir ferraste se op troch op de 500 meter (twadde)"EK allround: Leenstra verrast op 500 meter" SportWeek.nl, 12 jannewaris 2008 as op de 1500 meter (tredde)"EK allround: Wüst wint 'oranjefeest'" SportWeek.nl, 13 jannewaris 2008 op it poadium te einigjen. Op de lange ôfstannen waard se twa kear sânde en úteinlik einige se yn it einklassemint as seisde, wêrtroch’t se har streekrjocht pleatste foar it WK Allround yn Berlyn. Op dat WK waard ze úteinlik tolfde. Twa wiken letter waard Leenstra tegearre mei Jan Blokhuijsen wrâldkampioen op it WK foar Junioaren yn Changchun"Nederlandse schaatsjunioren heersen op WK" NU.nl, 23 februari 2008. Neidat se ek noch de Nederlânske sprinttitel foar A-junioaren ferovere hie, ferbettere se by de Olympic Oval Finals har eigen wrâldrekord foar junioaren op de 1500 meter. Ek ried se in junioarewrâldrekord op de 1000 meter en de lytse fjouwerkamp foar junioaren"Leenstra glijdt naar drie wereldrecords" Sportweek, 14 maart 2008.

Kommersjele teams Nei it WK Allround toanden de ridersploegen DSB en TVM belang yn de achttjinjierrige pupil. Leenstra liet trochskimerje dat har foarkar útgie nei TVM, omdat dizze ploech mear froulike allrounders binnen de gelederen hie as DSB. Haadtrener Gerard Kemkers fan TVM woe oer de spekulaasjes fierders gjin kommentaar jaan"DSB en TVM azen op Leenstra" NU.nl, 13 jannewaris 2008.

Op 19 maart 2008 waard bekend dat Leenstra foar twa jier in kontrakt tekenje sil by de TVM-formaasje en my yngong fan seizoen 2008/2009 dêrfoar ride sil"Marrit Leenstra tekent bij TVM" Sportweek.nl, 19 maart 2008. Leenstra tekende offisjeel it kontrakt op 11 april 2008."Marrit Leenstra definitief bij TVM-schaatsteam" Sportweek, 11 april 2008

2018 Yn 2018 joech se oan te stopjen mei har karriêre en keas foar har stúdzje. Leenstra hie har bachelor Future Planet helle oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 2018 sil se útein om har master te heljen yn de stúdzje Geo Information Science yn Wageningen.

Resultaten

Jier NK Ofstannen NK Allround EK Allround WK Allround WK Junioaren WB Einstân 2007 15e 500m 9e 1500m 12e 3000m NC13 50e 1500m 2008 9e 500m 4e 1000m 1500m 10e 3000m 4e 6e 12e 19e 1000m23e 1500m NC# = net kwalifisearre foar de lêste ôfstân, mar wol as # klassearre yn it einklassemint

Medailjespegel Kampioenskip Goud Sulver Brûns NK Ofstannen 0 0 1WK Junioaren 1 0 0

Wrâldrekords Nr.OfstânTiidDatumBaanjr11500 meter junioaren1.56,4710 novimber 2007Salt Lake Cityjr21500 meter junioaren1.55,1412 maart 2008Calgaryjr31000 meter junioaren1.15,4113 maart 2008Calgaryjr4mini fjouwerkamp junioaren156,36013 maart 2008Calgary

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk kampioen‎ Kategory:Persoan berne yn Wikel Kategory:Persoan berne yn 1989