In morfeem (meartal: morfemen) is in elemint fan in wurd mei in eigen betsjutting/funksje, dat net opdield wurde kin.

Der binne twa typen morfemen: Dy't as selsstannich wurd bestean. De net selsstannich foarkommende wurdfoarmjende eleminten (affiksen). Affiksen binne der yn twa haadsoarten, de prefiks en de suffiks.

In ferbiningslûd (of bynmorfeem) is in tusken -s- of in tusken -e-: doarp-s-tsjerke, bern-e-boek.

Foarbyld It wurd doarpstsjerkje hat de neikommende morfemen: Selsstannich morfeem 'doarp' It ferbiningslûd 's' Selsstannich morfeem 'tsjerke' De suffiks '-je'

It wurd berneboekje hat de neikommende morfemen: Selsstannich morfeem 'bern' It ferbiningslûd 'e' Selsstannich morfeem 'boek' De suffiks '-je'

Sjoch ek Morfology

Kategory:Morfology