Lútzen (Lou) Dijkstra (Peazens, 7 maaie 1909 - Amstelfean, 24 april 1964) wie in Fryske reedrider en dokter.

Syn bêste útslach wie in twadde plak by it Nederlânsk Kampioenskip fan 1933. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen fan 1936, wêr't hy meidie op alle ôfstannen. By de wrâldkampioenskippen wie syn bêste resultaat it 11e plak yn it einklassemint yn 1935. Noch yn 1950 kaam er út op it Nederlânsk Kampioenskip.

Dijkstra wie ek in fertsjinstlik hurdfytser, wedstrydsiler en fuotballer. Sa wie er keeper by ADO De Haach.Sportkroniek; weekblad voor sport, jrg 59, 1961, nû. 52, 27-12-1961, op webside Delpher Fan berop wie er medikus. Hy ferhuze yn 1942 nei Amstelveen, dêr't er húsarts waard.

Nei de oarloch waard er troch de KNSB op non-aktyf set, omdat er lid fan de NSB west hawwe soe, alhoewol't er troch de Bysûndere rjochtspleging fan alle blaam suvere wie. Yn 2023 krige Dijkstra, dy't mei in Joadske frou troud wie, postúm earherstel fan it reedrydbûn, nei ûndersyk troch de sporthistoarisy Marnix Koolhaas en Jurryt van de Vooren. Eerherstel voor Luitzen Dijkstra; vader van kunstschaatslegende toch niet 'fout' in oorlog, NOS sport, 17 maaie 2023. Argivearre op 3 septimber 2023.

Dijkstra wie in steunpylder fan syn dochter Sjoukje, dy't fan 1960 ôf triomfen fierde by it keunstriden. Inkele wiken nei it hichtepunt yn har karriêre, Olympysk goud op de Winterspullen 1964, kaam er om it libben by in ferkearsûngemak yn syn wenplak. Vader van Sjoukje Dijkstra verongelukt, Leeuwarder Courant, 25 april 1964 fia Delpher.

Resultaten jier NKOer Alles EKOer Alles WKOer Alles OlympyskeSpullen 1929 nc16 1933 sulver 17e 1935 11e 1936 16e 18e 24e 500m20e 1500m16e 5000m20e 10.000m 1941 nc17 1942 nc21 1947 ns2 1951 nf3

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk siler Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Frysk dokter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Peazens Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1964