It Frysk lânboumuseum is in museum oan de súdrâne fan Ljouwert yn de wyk Middelsee. Fan 2008 oant 2017 siet it museum oan de Koaidyk yn Earnewâld yn deselde pleats as it Besikerssintrum De Alde Feanen en dêrfoar fan 1988 oant 2007 stie it museum yn Eksmoarre.

Fêste kolleksje De fêste kolleksje fan it Frysk Lânboumuseum giet oer de ûngetiid, de bou, it Frysk Kowestamboek, suvel en âld ark en reau, mar der is ek oandacht foar gebrûksfoarwerpen en foar pronk en sier. Bûten is in demonstraasjetún mei âlde rassen fan lânbougewaaksen. It museum hat in edukatyf programma foar besikers en skoallen. Ek arranzjeminten wurde oanbean.

Kolleksje NVM Yn 2020 naam it Frysk Lânboumuseum de hiele kolleksje oer fan it Nasjonaal Feetylt Museum (NVM) yn Beers (Noard-Brabân), dat doe opheft waard. De kolleksje bestie út likernôch 2.300 foarwerpen, mei dêrûnder de preparearre koppen fan ferskate wrâldferneamde fokbollen lykas Sunny Boy. Ek it byldargyf fan it NVM, mei sa'n 25.000 foto's, dia's, films en fideomateriaal kaam yn 'e hannen fan it Frysk Lânboumuseum. Fan 2021 waard in grut part fan 'e NVM-kolleksje yn it Frysk Lânboumuseum útstald.——, Kop fokstier Sunny Boy terug in Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 21 april 2020, s. 24.

Fêste eksposysje Ta de fêste eksposysje hearre ark en reau, meast út de perioade 1850-1950 tsiis en bûterproduksje op de pleats (meast foar 1900) Frysk Stamboek foar kij (FRS) Ikkerbou Ungetiid Rispinge Ambachten yn de lânbou Húshâldlike rêding Pronk en sier Oersjoch fan suvelproduksje nei suvelfabriken

Sjoch ek List fan Fryske musea

Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Fryske lânbou-organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1988