VV Black Boys wie in fuotbalferiening yn Snits. De feriening waard oprjochte op 14 maaie 1924 en spile op Sportpark Tinga.

Skiednis Namme Fuotbalferiening Black Boys waard oprjochte yn 1924. De kar fan de ferieningsnamme hat in soad fuotten yn'e ierde hân. De namme komt fan it feit dat yndertiid de swarte stof it goedkeapst wie. Alle spilers hiene wol in swart shirt yn de kast hingjen, mei swarte broek en swarte hoazzen. It folslein swarte tenu is de oarsprong fan de klupnamme Black Boys.

Sportpark De feriening spile har thúswedstriden op it Sportpark Noorderhoek. Sportpark Noorderhoek wie trouwens net it earste terrein, dêr't de klup syn wedstriden spile. Yn it earste jier fan syn bestean spile de klup dy't doe mei-inoar 13 leden hie, op it iisbaanterrein. Yn 1925 ferhuzen de Black Boys nei in fjild oan de Lemmerwweg.

Yn 1936 ferhuzen de Black Boys út need nei it terrein achter de Ryks Hegere Boargerskoalle oan de Almasstraat en in jier letter nei in lokaasje efter de Ubbo Emmiusstraat. Dêr waarden tanksij in bydrage út it krisisfûns fan de KNVB twa fuotbalfjilden oanlein en nei in protte wurksumens waard it sportpark yn 1937 iepene. Letter krige dit sportpark de namme Sportpark Noorderhoek. Op 1 maart 1949 stoarte de nei de oarloch krekt restaurearre tribune mei klaaiboksen folslein yn.

Yn 1968 is it park útwreide mei fjildferljochting, wêrtroch't men ek jûns boartsje koe. Yn 1973 waard it gravelfjild oanlein foar ekstra trainingsgelegenheid. Fjouwer jier letter krige it kluphûs fan Blackboys in grutte renovaasjebeurt. It sportpark waard yn 2006 sletten en de feriening ferhuze nei "Sportsintrum Schuttersveld". Hjirmei gie it eigen kluphûs fan de klup ferlern.

It ein fan de Black Boys Yn 2021 waard besletten dat de leden fan de klup oergean soene nei Snits Wyt Swart en dat de klup yn 2024 nei 100 jier ophâlde soe te bestean. De lêste wedstriid waard op 20 maaie 2024 spile tsjin De Tynje, de wedstriid waard mei 3-2 wûn troch de Black Boys.

Black Boys Kategory:Sportferiening yn Snits Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1924 Kategory:Organisaasje opheft yn 2024