Prusen (Dútsk: Preußen, Aldprusysk: Prūsa, Poalsk: Prusy, Litousk: Prūsija, Latynsk: Prussia, Borussia of Prutenia) wie in lân dat in grutte rol yn de Jeropeeske skiednis spile hat. Prusen wie fan âlds it gebiet fan de West-Baltyske stam de Prusen, lizzend tusken Efterpommeren en Koerlân en sawat oerienkommend mei de lettere provinsjes East-Prusen en West-Prusen. It begjin fan de Prusyske steat wie winliken yn 1226 mei de Gouden Bul fan Rimini, doe't de basis lein waard fan de Dútske Oardersteat. Nei in stikmannich strideraasjes mei it Keninkryk Poalen waard West-Prusen yn 1466 as Keninklik Prusen in part fan Poalen. East-Prusen, dat winliken as in foarrinner fan it lettere Prusyske keninkryk sjoen wurde kin, wie oant 1660 in fazalsteat fan Poalen. Sûnt 1525 wie it in hartochdom ûnder lieding fan it Hûs Hohenzollern en sûnt 1618 waard it regearre yn Personele Uny mei Brandenburch. De markgreve fan Brandenburch wie ek in karfoarst en wie dus in wichtige foarst yn it Hillige Roomske Ryk. Om't de keizer stipe nedich hie fan Brandenburch mocht markgreve Frederik III himsels Kening yn Prusen neame. Fan 1701 oant 1871 wie Prusen in keninkryk mei in kening as haad en fan 1871 oant 1918 wie it in keninkryk yn it Dútske Keizerryk, dêr't de Prusyske kening ek keizer fan Dútslân wie. Fan 1918 oant 1932 wie it in Frijsteat yn de Weimarrepublyk mei in presidint. Yn de Nazy-tiid wie Prusen winliken opheft en waarden de Prusyske provinsjes goaen fan it Tredde Ryk. Prusen waard yn de 18e en 19e iuw in wichtich en machtich lân en wie nei de weriening fan it Dútske Ryk yn 1871 de grutste Dútske steat en besloech grutte parten fan it noarden en westen fan Dútsklân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Prusen yn 1947 offisjeel opheft troch de Alliëarde Kontrôleried.
Skiednis De Alde Prusen De âlde Prusen wiene in West-Baltysk folk, besibbe oan de Litouwers. Hja libben benammen fan de lânbou en feehâlderij en libben as stammen yn it beboske gebiet oan de Eastsee tusken de rivieren de Weichsel en de Memel yn it gebiet dat de lettere Prusyske provinsjes West- en East-Prusen beslacht. It Prusenlân bestie út de folgjende goaen: Kulmerlân en Pomesaanje oan de Weichsel, Pogesaanje, Ermlân en Natangen oan it Weichselhaf, it skiereilân Samlân, Nadrauen en Schalauen oan it Koerske Haf en Barten, Sudauen en Galyndje yn it binnenlân. Hja waarden elts bewenne troch in stamme, útsein it tinbefolke Kulmerlân.
De Prusen kamen ûnder de ynfloed fan Poalske en Dútske steaten yn it ramt fan harren kerstenjen. Hartoch Miezko I fan de Polanen krige it hearskippij oer it gebiet en krige it yn lien fan keizer Otto I fan it Hillige Roomske Ryk. De Prusen slaggen der lykwols yn om harren te ferdriuwen.
De Dútske Oarder 150px|thumb|De tastân yn de 13e iuw. It pearse gebiet is de Dútske Oardersteat 150px|thumb|Nei de Twadde Frede fan Thorn (1466). De Dútske Oardersteat is oranje Ferskate kearen waard besocht de Prusen te kerstenjen en te ûnderwerpen. Yn 1226 rôp hartoch Koenraad fan Mazoovje de help yn fan de Dútske Oarder mei yn ruil it bestjoer oer Kulmerlân. Keizer Freark II fan it Hillige Roomske Ryk joech tastimming en allyk ek tastimming foar it ferôverjen fan it gebiet benoarden dy't offisjeel ûnder lienhearskippij fan de paus kaam.
De ridders fan de Dútske Oarder ûnderwurpen en kerstenen de Prusen mei hurde hân. Twangboargen waarden yn it gebiet boud en rillegau ûntstiene stêden by dizze boargen, lykas Thorn (1231), Kulm (1232), Marienwerder (1233), Elbing (1237) en Keningsbergen (1255). De Dútske Oarder befolke it gebiet sûnt de trettjinde iuw en dêrnjonken kamen ek Dútske kolonisten, lykas ek Fryske en Nederlânske kolonisten, om't dizze gebieten ek by it Hillige Roomske Ryk hearden. Ek Kasjûbyske, Mazovyske en Poalske kolonisten waarden troch de Oarder yn it gebiet festige. Yn 1245, doe't it Kristendom sa njonkelytsen al goed ferspraat wie, waard it gebiet yn 4 bisdommen ferparte. Dizze bisdommen waarden: Ermlân, Kulmerlân, Pomesaanje en Samlân. De Prusen besochten mei de Grutte Prusyske Rebûlje yn 1260 noch yn ferwar te kommen en win de frijheid werom. Earst like de rebûlje wol súkses te hawwen, mar ta eintsjebeslút waard it dochs mei hurde hân delslein. Oan de ein fan de trettjinde iuw hie de Dútske Oarder it gânse gebiet ûnder kontrôle. De ynfloed en de taal fan de Prusen waarden hieltyd mear beheind en yn de fjirtjinde iuw waard it Dútsk, benammen it Nederdútsk de wichtichste taal. It Ald-Prusysk waard weromkrongen en stoar yn de santjinde iuw alhiel út. Nei de Reformaasje waard it Heechdútsk lykwols de wichtichste taal. It sit fan it bestjoer fan de Oarder kaam yn 1309 fan Feneesje nei it Prusyske Marienburg. Fanôf 1308-1310 waard Prusen útwreide mei de Pommerellen, mei de hannelstêd Danzig, en yn de fjirtjinde iuw seach it lân ekonomyske foarútgong en bloei. De hannel die it goed en stêden lykas Danzig en Keningsbergen woeksen hurd. It bestjoer fan it lân wie goed en de befolking wie frijwat ryk. Yn de fyftjinde iuw wie der in grutte delgong. De ferhâlding fan de stêden en de pleatslike adel mei it bestjoer fermindere, nei't de Oarder mei sin bestjoersposten opfollen mei funksjonarissen út it westen wei en gjin pleatslike persoanen. Boppedat rekke it lân yn 1410 yn oarloch mei Poalen en Litouwen, dêr't Grutmaster Ulrich fan Jungingen de Slach by Tannenberg yn 1410 ferlear. Yn de Earste Frede fan Thorn yn 1411 ferlear de Oarder it gebiet Samogytje en moast it in grutte slompe jild opbringe. Dat en de bliuwende strideraasjes mei Poalen makke it dat in belestingferheging nedich wie. Dat wie net nei it sin fan de stêden en de adel. Yn 1440 ferienigen de adel en de Hânzestêden Danzig, Thorn en Elbing harren ta it Prusyske Bûn. Dat bûn kaam yn ferwar tsjin de Oarder en ropte yn 1454 de help yn fan Kasimir IV fan Poalen. Dêrnei bruts de Poalsk-Prusyske Trettjinjierrige Kriich (1454-1466) út, dy't einige yn in Poalske oerwinning. Yn de Twadde Frede fan Thorn (1466) ferlear de Dútske Oarder mei Pommerellen, Kulmerlân, Ermlân en de stêden Danzig (Gdańsk), Thorn (Toruń), Elbing (Elbląg) en Marienburg (Malbork) it gânse westen fan Prusen oan Poalen. De Dútske Oarder hâlde it easten, mar moast dêr sûnt dy tiid Poalen as lienhear erkenne. It ferlerne gebiet, dat sûnt dy tiid Keninklik Prusen neamd waard, kwam sa'n bytsje oerien mei de lettere provinsje West-Prusen. It sit fan de Oarder waard nei de anneksaasjes ferpleatst fan Marienburg nei Keningsbergen, dy't oant 1945 de haadstêd fan East-Prusen bliuwe soe.
Hartochdom Prusen thumb|Albrecht fan Brandenburch erkent it lienhearskip fan Poalen oan kening Sigismund I de Alde De wegering fan grutmaster Albrecht fan Brandenburch-Ansbach (1490-1568), in lid fan it machtige Hûs Hohenzollern, en erken it Poalske gesach, late yn 1519 ta in nije oarloch. Om it einleaze konklikt te einigjen sleat er him by de Reformaasje oan. Op advys fan Maarten Luter joech er it amt fan grutmaster oer en sekulearre er Prusen. Yn ruil foar it erkennen fan Poalen as lienhear krige er yn 1525 fan kening Sigismund I Prusen, mei de grinzen fan 1466 as erflik hartochdom; Hartochdom Prusen. Prusen bleau lykwols in fazalsteat fan Poalen. De Dútske Oarder, de katolike tsjerke en keizer Karel V wiene it dêr net mei iens, mar harren protesten smieten neat op. Under spanningen fan religieuze stideraasjes moast er al de oerhân jaan oan de Steaten. Dat sadwaande krigen de Hohenzollerns, dy't de macht yn Brandenburch hiene, ek de macht yn Prusen. Under syn bewâld waard yn 1544 de Albertina Universiteit yn Keningsbergen stifte, dy't it geastlik libben goed oansjen joech.
Brandenburch-Prusen Albrecht waard yn 1568 opfolge troch syn soan Albrecht Freark (1568-1618), wylst Joachim II Hektor, karfoarst fan Brandenburch, dy't it gebiet ek mei yn lien krige. Om't Albrecht Freark net hielendal by de tiid wie en syn tastân stadichoan minder waard krige syn neef Joaris Freark I fan Brandenburg-Ansbach yn 1577 it sizzenskip yn Prusen, dy't yn 1605 opfolge waard troch Joachim Hektor syn pakesizzer Joachim Freark. Dy wie boaske mei Albrecht Freark syn famke. Joachim Freark syn soan Johan Sigismund (1618-1619) waard nei it ferstjerren fan Albrecht Freark yn 1618 hartoch fan Prusen. Brandenburch en Prusen wiene dêrmei foargoed ferienige. Brandenburch hearde lykwols by it Hillige Roomske Ryk, wylst Prusen noch hieltyd it lienhearskippij fan Poalen erkenne moast. Johan Sigismund wie yn 1613 op it kalvinisme oerstapt, maar troch de ferhâlding mei it katolike Poalen en de macht fan de strange luterske Steaten moast hy op it mêd fan it leauwen al bedarje, in belied dat syn opfolgers fuortsette soene.
150px|thumb|left|Karfoarst Freark Willem en syn frou Louise Henriette fan Oranje Syn soan Joaris Willem (1619-1640) rekke belutsen yn de Tritichjierrige Kriich (1618-1648). Prusen bleau, ta tsjinstelling fan Brandenburch, frij fan grutte fernielings, mar de besetting fan de havenstêden troch Gustaaf II Adolf betsjutte in grutte delgong yn ynkommen. Joaris Willem syn soan Freark Willem (1640-1688), de Grutte Karfoarst, sintralisearre it bestjoer, fierde ekonomyske herfoarmings troch, beheinde de ûnder syn foargongers sterk woeksen macht fan adel en stêden en boude in effisjint en sterk leger op. By de Frede van Westfalen (1648) krige er Efter-Pommeren, de sekularisearre bisdommen Kammin, Minden en Halberstadt en de fâdij oer it aartsbisdom Magdeburg. Nei de Noardske Kriich (1655-1660) waard de selsstannigens fan Prusen befêstige troch Poalen by it Ferdrach fan Wehlau (1657) en ynternasjonaal by it Ferdrach fan Oliva (1660).
Keninkryk Prusen oant 1871 Untjouwing ta grutmacht 150px|thumb|Kening Freark I fan Prusen Nei jierrenlang ûnderhanneljen mocht Freark Willem syn soan Freark III (1688-1713) fan Keizer Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk lang om let de keningstitel krije. Dêrtsjinoer stie dat hy de keizer stypje moast yn syn striid yn de Njoggenjierrige Kriich en de Spaanske Súksesjekriich. Kening fan Brandenburch koe er net wurde, want Brandenburch lei yn it Hillige Roomske Ryk en Kening fan Prusen koe ek net, want in part fan Prusen lei yn it Keninkryk Poalen. Doe't hy himsels op 18 jannewaris 1701 ta kening kroane, neamde er himsels Kening yn Prusen. De Hohenzollenske gebieten waarden fanôf no wol gauris as Prusen oantsjutten. Prusen sels wie net it mulpunt mear hjirfan, dêr't útsein de wichtige hannelstêd Keningsbergen, ekonomysk net folle betsjutte en ek frij tin befolke wie. Brandenburch wie it mulpunt en sintrum fan Prusen, mar it eknomyske swiertepun ferskode mear nei it westen nei de nei 1648 nije wûne gebieten, lykas it hartochdom Kleef en de greefskippen Mark en Ravensberg. Troch syn spul oer de erfenis mei de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso krige er de greefskippen Meurs en Lingen (1702) en by eintsjebeslút ek it foarstendom Neuchâtel (1707). Middels keap krige er it greefskip Tecklenburg (1707). Freark syn soan en opfolger Freark Willem I (1713-1740), de Soldatekening neamd, krige by syn dielnimming oan de Frede fan Utert (1713) Boppe-Gelre en nei de Grutte Noardske Kriich (1700-1721) krige er yn 1720 Foar-Pommeren mei de hannelstêd Stettin fan Sweden.
150px|thumb|left|Freark Willem I, de soldatekening De Soldatekening sette it belied fan militarisearring fan syn pake fuort en bestege wol 85% fan de steatsbegrutting oan it leger en sa boude er in grutte legermacht op. Under syn macht ûntstie it typyske oansjen fan it Prusyske militarisme en plichtstrouwe oarder. Hy sintralisearre it bestjoer, lykas de finânsjen en fierde in ekonomysk belied neffens it merkantilisme. Yn it troch in pestepidemy trofffen East-Prusen, waarden tsientûzenen emigranten, wêrûnder de Salzburger emigranten oanlutsen dêrhinne en bou it gebiet wer op. 150px|thumb|Freark II de Grutte 150px|thumb|right|Freark Willem II