Okke Hel wie in Fryske punkband dy't aktyf wie tusken 1979 en 1984.
Skiednis Yn 1979 sette de band útein mei Piter Wilkens, syn broer Sytse Wilkens en Henk Winters. It trio makke punk-rock mei new-wave ynfloeden. Letter kamen dêr funk-, reggae- en jazz-ynfloeden by. Henk Winters en Sytse Wilkens stoppen al wer gau mei de band en yn 1980 wie de gearstalling fan Okke Hel: Piter Wilkens (sang en basgitaar), Domien de Winter (gitaar en sang) en Rudolf Spijkerman (drums). Oare leden wienen Douwe van der Werff (gitaar, piano en sang), Gelske Bergsma (toetsen), Peter van der Wal (basgitaar) en Rein Feenstra (drums).
Yn 1984 hâlde de band der mei op, mar op it earste Aaipopfestival yn 1987 joech Okke Hel in reüny- en ôfskiekonsert. De band waard doe foarme troch: Danny Homan (toetsen), Ymkje bij de Ley (sang), Oene Wagenaar (trompet), Hans Wijnbergen (alt-saksofoan), Jelle Douma (perkusje), Rudolf Spijkerman (drums), Henk Postma (gitaar en sang), Syb Eppenga (gitaar) en Piter Wilkens (bas en sang).
Keppeling om utens Webstee fan Piter Wilkens
Kategory:Fryske punkband Kategory:Band oprjochte yn 1979 Kategory:Band opheft yn 1984