thumb|Klupgebou "Industria" op de Dam, ûntwurpen yn 1912 Foeke Kuipers (It Mar tusken De Knipe en It Hearrenfean, 30 augustus 1871 - Huizen, 17 desimber 1954) wie in Fryske arsjitekt.
Beknopte biografy Kuipers wie de soan fan in Fryske timmerman-oannimmer dy't him oan de ein fan de jierren 1870 yn Amsterdam festige. Kuipers krige de boukundige oplieding by Prof. J.F. Klinkhamer en H.P. Berlage oan de Quellinusskoalle in dy stêd. Hy helle dêr ek de sulveren medalje, de heechste ûnderschieding fan de skoalle. Syn âldere bruorren Tjeerd Kuipers en Roelof Kuipers wienen ek arsjitekt. Foeke syn oeuvre bestiet foar it meastepart út filla's dy't benammen útfierd binne yn cottagestyl.
Inkele wurken 1899: Amsterdam: pakhûs NV Het Nederlandsche Veem (tegearre mei Roelof Kuipers) 1901-1901: Amsterdam: Jan Luijkenstrjitte 37-47 1908: Heemstede: filla Meer en Berg 1909-1913: Hoofddorp: Polderhûs 1911-1912: Amsterdam: "De Roode Leeuw", Damrak 93-94 1912-1916: Amsterdam: Klupgebou fan de Yndustriële Klup "Industria", Dam 27 1932 Rotterdam: Eastlik Swimbad
Kategory:Frysk arsjitekt Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1871 Kategory:Persoan stoarn yn 1954