right|thumb|250px|De Polynesyske trijehoek

Polyneezje (soad eilannen) is ien fan de trije grutte eilânnekloften yn de Grutte Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. Rûchwei foarmet it in trijehoek mei Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân as hoekpunten. It totale lân oerflakte is om-ende-by 294.000 km² op in oerflaktewetter fan mear as 50 miljoen km². Yn totaal binne der mear as 1000 eilannen dy't by Polyneezje hearre.

Eilannen De folgjende eilannen en eilânkeatens lizze yn Polyneezje: Australeilannen (part fan Frânsk-Polyneezje) Baker (part fan de Feriene Steaten) Chathameilannen (part fan Nij-Seelân) Cookeilannen Gambiereilannen (part fan Frânsk-Polyneezje) Genoatskipseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje) Hawaï-eilannen (part fan de Feriene Steaten) Howland (part fan de Feriene Steaten) Johnston (part fan de Feriene Steaten) Kermadeceilannen (part fan Nij-Seelân) Line-eilannen (part fan Kiribaty, omfiemet allyksa Kingman Reef, Palmyra en Jarvis dy't bestjoerd wurde troch de Feriene Steaten) Markesaseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje) Midway-eilannen (part fan de Feriene Steaten) Naurû Nij-Seelân Niûé Peaske-eilân (part fan Sily) Phoenikseilannen of Rawaki (part fan Kiribaty) Pitcairneilannen Samoä-eilannen (omfiemje Samoä en Amerikaansk-Samoä) Tokelau-eilannen Tonga Tûamotû-eilannen (part fan Frânsk-Polyneezje) Tûvalû Wallis en Fûtûna

Befolking De oarspronklike befolking fan dizze eilannen sprekke (of sprutsen) nau oan inoar besibbe talen, dy't ta de Maleis-Polynesyske of Austronesyske talenkloft hearre.

Kontakten mei Amearika Al lang foardat Kolumbus Amearika ûntdekke, bestiene der al kontakten tusken de Polyneezjers en de Amearika's.

Kategory:Regio yn Oseaanje