De Komoaren is in lân besteande út trije eilannen Grut Komoare (Njazidja), Mohély (Mevali) en Anjouan (Narvani) plus noch wat lytse eilantsjes dy't foar de eastkust fan Afrika lizze. De haadstêd is Moroni.
Geografy Lizzing De Komoaren wurde begrinzge troch: de Yndyske Oseaan, Madagaskar yn it súdwesten; Kenia en Mozambyk yn it easten.
Lânskip De eilannen fan de Komoaren binne foar it grutste part fan fulkanyske oarsprong: de heechste fulkaan is de noch hieltyd aktive Kartala (2361 meter heech). De berchmassiven binne begroeid mei rainwâld. Foar de kust lizze koraalriffen.
Mayotte is mei goed 5,4 miljoen jier it âldste eilân, Grut Komoare mei 130.000 jier de jongste. De fulkaan op Grut Komoare (Kartala) is noch aktyf, en kaam yn 1977 ta útbarsting.
De see om de eilannen hinne hat in djipte fan 3000 meter.
Skiednis Al yn de 16e iuw hawwe de eilannen behearske west troch Arabieren. De yn 1843 troch Frankryk stifte koloanje op it buoreilân Mayotte waard yn 1912 útwreide mei de Komoaren. Yn 1975 waarden de Komoaren selsstannich, Mayotte bleau Frânsk.
Demografy Befolking De Komorezen meitsje 97% fan de befolking út en de Makûa 1,5%.
Talen Yn de Komoren wurde sân ferskillende talen sprutsen; fjouwer dêrfan binne farianten fan it Komoreesk en binne Niger-Kongotalen dy't hiel bot op it Swahily like. Mei likernôch 260.000 sprekkers is it Ndzwany-Komoreesk de wichtichste taal fan it lân, it foarmet mei it Frânsk en Arabysk de offisjele talen.
Religy Mei in persintaazje fan 98,9% is de islam (soennisme) de grutste religy, 1% fan de befolking is kristen (Roomsk-katolyk) en 0,1% oanhinger fan bahay.
thumb|270px|right|Kaart fan de Komoaren
Kategory:Lân yn Afrika Kategory:Eilân yn de Yndyske Oseaan Kategory:Histoaryske Frânske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1975 Kategory:Republyk