De Galapagospinguïn (Spheniscus mendiculus) is fûgelsoarte yn it skaai fan 'e brilpinguïns dy't foarkomt op 'e Galapagoseilannen. It is de ienichste pinguïnsoarte dy't by de evener libbet en foar in lyts part ek op it noardlik healrûn foarkomt. Dat de Galapagospinguïn yn dy omkriten libje kin komt omdat de kâlde Humboldtstream de temperatuer leech hâldt. Nei alle gedachten is dy golfstream ek de rûte dy't de pinguïns nei de Galapagoseilannen brocht hat. De measte Galapagospinguïns libje op Fernandina en oan 'e westkust fan Isabella, mar der libje ek lytse groepkes op oare eilannen.

Beskriuwing thumb|left|Jonge fûgels op it eilân Isabela. De fûgel is 53 sm lang; it is in relatyf lytse, swartwite pinguïn. De fûgel is lytser as de Humboldtpinguïn (S. humboldti) en hat ek in slankere snaffel. De kop is hast hielendal swart, mei allinnich in smelle wite bân dy't fan 'e foarholle, efter it ear lâns, nei de kiel rint. De boppekant is swartgriis en de ûnderkant is benammen wyt, mei twa parallel rinnende swarte bannen oer it boarst, dy't nei ûnderen ta rinne oant by de poaten. Unfolwoeksen fûgels misse dy dûbele bân en hawwe in hielendal donkere kop.

Fersprieding De Galápagospinguïn is endemysk op 'e Galápagoseilannen. Ut ûndersyk yn 2006 hat bliken dien dat sawat 95% fan 'e briedpopulaasje op 'e eilannen Isabela en Fernandina libbe, yn it westlike part fan 'e arsjipel. Likernôch 5% kaam foar op 'e lytsere eilannen Bartolomé, Santiago, Floreana en noch in pear lytse eilantsjes yn it midden en suden fan it gebiet. De oantallen fluktuearje, wat gearhinget mei de oanwêzigens fan fisk en de effekten fan El Niño.

It ferspriedingsgebiet fan dizze pinguïns leit mar foar in lyts part benoarden de evener, dy't troch de Galápagos-arsjipel rint. It is dêrtroch de ienige soarte pinguïn dy't (foar in part) foarkomt op it noardlik healrûn. De Galapagospinguïn is sterk ferbûn mei relatyf koel oseaanwetter dat ryk is oan fiedingsstoffen. De fûgels foerazjearje yn it seegebiet westlik fan 'e arsjipel oant 23,5 km fan 'e briedkoloanjes; ûnfolwoeksen fûgels lûke oant 64 km fan har briedkoloanje wei. Fûgels dy't yn in bepaalde koloanje briede, bliuwe yn 80% fan 'e gefallen trou oan dat plak.

Status De Galápagospinguïn hat in hiel lyts ferspriedingsgebiet en dêrtroch bestiet der in kâns op útstjerren. De grutte fan 'e populaasje waard yn 2007 rûsd op krap 1000 fûgels. De populaasje-oantallen fluktuearje sterk troch it effekt fan El Niño. Troch klimaatferoaringen kinne dy fluktuaasjes noch sterker wurde. Tusken 1982 en 1983 naam de populaasje mei 77% ôf en tusken 1997 en 98 mei 65%. Oare bedrigingen binne yllegale fiskerij dy't slachtoffers meitsje. Ek troch minsken yntrodusearre rôfdieren foarmje in bedriging foar de soarte, fral foar de aaien en de piken. Dêrom hakte in team ûnder lieding fan P. Dee Boersma fan 'e Universteit fan Washington op plakken dêr't rôfdieren net binne 120 gatten yn 'e lava as feilige briedplakken. It team koe letter fêststelle dat de measte gatten troch de pinguïns brûkt wurde om te breiden. Dêrmei groeit de hope foar in bettere takomst foar de Galapagospinguïn.National Geographic, 17 oktober 2022.

De Galapagospinguïn stiet op 'e Reade List fan 'e IUCN as bedrige (Endangered) klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Brilpinguïn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan