Hein Mader (Willendorf in der Wachau, 9 maart 1925 - Mantgum, 31 oktober 2011) wie in keunstner út Tsjeintgum, in útbuorren dy't ûnder Mantgum falt. Hy makke metershege bylden fan stien en stiel dy't steane yn byldetunen yn Mantgum en Menaam. Der wiene ûnder oare plannen foar sa'n tún op It Amelân en by Menaam, mar dy binne der nea kaam. Hy is fan Eastenryksk komôf en wenne sûnt 1989 yn Fryslân. Yn 1960 kaam er nei Nederlân fanwegen in faam. Frysk Deiblêd 28 augustus 2002 Yn binnen- en bûtenlân stean keunstwurken fan him. thumb|right|Wurk sûnder titel, 1982, fan Hein Mader yn de Papenbroekstege, Amsterdam.

Keppelings om utens Fotoos fan wurken Hein Maders Marijke de Boer: De genezende kracht van de beelden van Hein Mader Beeldend kunstenaar Hein Mader (86) overleden Mader, Hein by it Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje (RKD)

Kategory:Eastenryksk byldzjend keunstner Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Menaam Kategory:Persoan stoarn yn Mantgum Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2011