thumb|180px| Fedde Schurer, It Hearrenfean, 1974 thumb|180px|Underweis, Stedskuierpark Eindhoven Gustaaf Theodoor Marie (Guus) Hellegers (Teteringen, 30 juny 1937 - Steggerda, 7 febrewaris 2019) wie in Nederlânsk byldhouwer en medaljeur.

Hellegers folge in oplieding oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keusten yn De Haach (1959-1964) en krige dêrnei in beurs foar it Nasjonaal Heger Ynstitút foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen. Hy wurket as byldhouwer yn brûns en stien. As medaljeur is Hellegers autodidakt, hy makke ferskate pinningen yn opdracht.

Hellegers wie in oantal jierren (1972-1975) keunstkritikus foar de Ljouwerter Krante. Hy wie dosint oan de Akademy Minerva yn Grins fan 1982 oant 1991.

Hellegers krige ferskate prizen, dêrûnder de Grand Prix fan de Fédération Internationale de la Médaille (Fidem) yn 1996 en de Hannie Mein Keunstpriis yn 2006.

Wurken yn de iepenbiere romte lokaasjetitel/omskriuwingmateriaal jier Eelde, Haadwei 76 It Bestjoer brûns ± 2006Eindhoven Tandem brûns 1982Emmen, Not. Oostingstrjitte Underweis brûns 1987It Hearrenfean Fedde Schurer brûns 1974Ljouwert, Eeskwerd Hynder mei akrobate brûns 1975Utert, Prins Bernhardleane Twa hannen brûns 1987Wolvegea Aurora brûns 1998

Keppeling om utens Offisjele webstee Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstkritikus Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2019 Kategory:Persoan stoarn yn Steggerda