thumb|De Assyryske flagge (sûnt 1968) De Assyrjers (ܐܫܘܪܝܶܐ) binne in folk, oarspronklik út Mesopotaamje en Anatoalje, dat yn distiid foar it meastepart yn diaspoara libbet. It folk beskôget har de fuortsetting fan de Assyrjers út de Aldheid, de bewenners fan it Assyryske Ryk dat yn 539 f.Kr. ûndergie. De Assyrjers sprekke in moderne fariant fan it Arameesk. Yn dy taal neame sy harren sels Suryoye.

Kategory:Semitysk folk Kategory:Etnyske groep yn Irak Kategory:Etnyske groep yn Iran Kategory:Etnyske groep yn Syrje Kategory:Etnyske groep yn Turkije