thumb|200px| sûnder titel (1994), Sappemeer Gerlof Wytze Hamersma (Ljouwert, 17 oktober 1953) is in Frysk keunstner.
Hamersma folge in oplieding oan ABK Vredeman de Vries yn Ljouwert (1975-1980) en studearre ôf yn de rjochting Monumintale Foarmjouwing. Hy brûkt as byldhouwer ferskate materialen, dy't hy yn syn wurk kombinearret. In oantal fan syn wurken (yn Grins, Meppel en Sappemeer) steane yn it wetter. Hy is mei-oprjochter fan keunstnersinisjatyf Foarhinne De Gemeente (Ljouwert).
Wurken (seleksje) lokaasjetitel/omskriuwingmateriaal jier Hurdegaryp, Wester Omwei/Ryksstrjitwei De fjouwer tinzenbeton, metaal 1991Harns, Rioelsuveringsynstallaasje sûnder titel (acht kubussen)glês, neon 1993Grins, Noarddikerwei sûnder titel glês, metaal 1996Ljouwert, MCL Kubus 1975Ljouwert, Prinsetún sûnder titel 1990Meppel, Wilhelminapark fiif glêzen fazen glês 1989Sappemeer, Achterdjip sûnder titel ("Trijesprong") bakstien, glas, stiel 1994
Keppeling om utens Ryksburo foar Kunsthistoaryske Dokumintaasje Foarhinne De Gemeente (VHDG)
Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1953