260px|thumb|Utsjoch oer it Prinses Margrietkanaal fan de toer ôf De Toer fan Spannenburch is in 118 meter hege toer foar telekommunikaasje en radio- en telefyzje-útstjoeringen by Spannenburch. Ek is dêr romte foar in rekkensintrum. De toer is in betontoer en is de heechste toer fan Fryslân.Bij Tjerkgaast komt toren van 118 meter Ljouwerter Krante, 14 maaie 1971 Hy stiet njonken it Prinses Margrietkanaal by de trijesprong fan de N354 en de wei rjochting Tsjerkgaast.

Beskriuwing De sichtbere hichte is 118 meter, mar de totale betonkonstruksje is 145 meter. Hy stiet op 72 heipeallen fan 23 meter lang en in 2,5 meter tsjokke fundearringsplaat. De toer hat in trochsneed fan 12 meter en hat 22 ferdjippings.

Der wienen plannen om op de toer in antenne te setten (mei in hichte fan 46 meter), sadat de totale hichte 165 meter wurde soe. De toer is it heechste bouwurk fan Fryslân. Op it twadde plak stiet de Achmeatoer fan hast 115 meter.

Op 16 july 2011 waarden der needstjoerders op de Toer fan Spanenburch pleatst nei't in grutte brân de toer fan Hegersmilde op 15 july slim skansearre hie.

Konstruksje De toer waard yn opdracht fan de Ryksgebouwetsjinst tusken 1971 en 1973 boud foar de PTTDe straalverbindingstoren te Spannenburg, Ljouwerter Krante, 9 novimber 1972 dy't de toer dêrnei yn gebrûk naam as strielferbiningstoer foar telefoan en telefyzje. Door toren Spannenburg kan bellen met Westen verveertienvoudigd worden, Ljouwerter Krante, 15 juny 1971 De toer hat twa paradissen foar it opstellen fan strielstjoerders en ûntfangers en dêrboppe is in saneamde (glêzen) reportaazjering. De toer waard part fan it lanlik keppelnet fan strielferbiningstuorren en mêsten dy't tusken 1955 en 1989 foar de PTT boud waarden.PTT-net over enkele jaren voltooid, Deiblêd De Waarheid, 27 novimber 1968De bouw van de straalverbindingstoren in Lelystad vordert gestaag, Nederlands Dagblad, 3 juny 1976PTT-toren Itterfoort 118 m. hoog, Limburgs Dagblad, 07 maart 1989 Op 27 maaie 1974 waard de toer seremonieel troch boargemaster Johan Caspar Cavaljé fan de doetiidske gemeente Doanjewerstâl iepene. Hy die dat troch op de njoggentjinde ferdjipping tsientallen postdowen de frijheid te jaan, dy't it berjocht oer de iepening nei Ljouwert ta bringe moasten. Toren Spannenburg 27 mei in gebruik, Ljouwerter Krante, 15 maaie 1974

Eigener Yn 2007 ferkocht PTT/KPN oan Alticom, dy't in ferdjipping as rekkensintrum (datacenter) ynrjochte hat. Sûnt 2016 wurdt in ferdjipping oan ViaData Automatisering B.V. fan It Hearrenfean ferhierd.Alticom en ViaData starten datacenter in Friese toren, Computable, Pim van der Beek, 5 oktober 2016 10:55. Oproppen op 17 septimber 2019. Yn 2017 waard Alticom troch it Spaanske telekombedriuw Cellnex Telecom oernommen.

Radio en telefyzje FM Radio Yn 1998 krige de toer foar it earst FM-antennen en stjoerapparatuer foar Noordzee FM en Radio 538.Zendmast stoort tv's Spannenburg, Ljouwerter Krante, 4 maart 1998

FM-stjoerders dy't oer de toer útjûn wurde (2022):

Frekwinsje Hichte Fermogen Omrop91,0 MHz140 m40 dBWRadio Veronica (2003- no)94,1 MHz100 m33 dBWRadioNL95,5 MHz99 m44,8 dBWBNR Nieuwsradio97,9 MHz120 m34 dBWRadio Continu Friesland98,5 MHz100 m30 dBWJoy Radio99,1 MHz99 m37 dBW100% NL102,5 MHz124 m50 dBWRadio 538103,8 MHz120 m40 dBWJoe

Digitale radio DAB+ De toer hat ek twa stjoerders foar digitale radio yn DAB+. De iene stjoert in nust radiokanalen út fan de NPO, de oare in nust kommersjele radiokanalen.

Kanaal Frekwinsje Hichte Fermogen Fergunninghâlder7D193,296-194,832 MHz120 m16,5 dBWMTVNL12C226,592-228,128 MHz120 m30 dBWNPO

Telefyzje Sûnt maart 2023 tsjinnet de Toer fan Spannenburch as stipestjoerder foar telefyzje. It nustje mei NPO 1, NPO 2, NPO 3, NPO 1 Extra, Omrop Fryslân TV en TV Noord is frij op 626 MHz te ûntfangen.

Sjoch ek List fan tuorren yn Fryslân

Kategory:Spannenburch Kategory:Toer yn Fryslân Kategory:Bouwurk yn Skarsterlân Kategory:Bouwurk yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út 1972