KOffice is it officepakket foar 'K Desktop Environment KDE en falt ûnder de nûmer fan frije sêftguod. De lêste ferzje fan KOffice is 1.6.3, dy't op 7 juny, 2007 it ljocht seach. KOffice wurdt apart fan KDE útbrocht en kin ynladen wurde fanôf it thúsblêd fan KOffice. Koffice brûkt as it mooglik is it triemformaat OpenDocument as standert yn de applikaasjes.

KOffice komponinten KOffice komt mei de folgjende komponinten:

48px KWord In tekstbewurker mei ramt en stylblêd stipe foar DTP-styl bewurkings fan ingewikkelde opmaak.48px KSpread In rekkenblêd applikaasje mei stipe foar meardere rekkenblêden, sjabloanen en mear as 100 wiskundige formules.48px KPresenter In presintaasje programma mei ôfbylding en effekt stipe.48px Kivio In te programmearjen stroomdiagramprogramma48px Karbon14 In Fektortekenprogramma mei ferskate teken en bewurkhelpmiddels. 48px Krita (Dit wie earst bekend as Krayon en KImageshop). In teken- en byldbewurkprogramma.48px Kugar en KChart In yntegrearre programma om rapporten op te meitsjen en in grafiekprogramma.48px KFormula In programma om formules mei te meitsjen.48px Kexi In yntegrearre databank programma. It hat beheinde komptabiliteit mei it MS Access triemformaat.48pxKPlato In projektmanagement programma.

In filterset makket it mooglik om nei ferskate triemformaten te skriuwen en te lêzen.

OpenDocument

Sûnt ferzje 1.5 brûke de wichtichste komponinten, krekt lykas OpenOffice.org 2.0 en heger, it OpenDocument-formaat.

KOffice 2.0 Op it stuit is de Koffice ferzje 1.6.x ûntwikkele foar de Unix omjouwing, mar mei ferzje 2.0 komt dêr feroaring yn. Op 19 maaie 2008 binne der ek al de earste tekens fan sjoen mei in alfa ferzje dy't ek op de Windows omjouwing te ynstallearjen wie Earste alfa útjefte foar windows. Neist it brûkber meitsjen foar oare platfoarmen is it 'flake'-konsept in opfallende fernijing.

FlakeYnformaasje oer Flake is de objekt bibleteek foar Koffice. De basis is dat der fan útgong wurdt dat de saneamde “shapes”, dy alderhande figueren oannimme kin, ferskillende saken lykas media, tekeningen of tabellen yn in dokumint yntegrearje kinne. En omdat de figueren fan elkoar witte dat se besteane kin der bygelyks tekst om in fideofiguer setten wurde. Flake objekten kinne grafysk ferpleatst, rotearre, skale en skean lutsen wurde.

Sjoch ek Ferliking fan officepakketten Oersicht fan officepakketten

Keppelings op utens http://www.koffice.org Webstee fan KOffice] KOffice 2.0 fisy en doelstelling

Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2007