Stasjon Grou-Jirnsum is in spoarstasjon fan de Nederlânske Spoarwegen tusken Grou en Jirnsum oan it spoar Swol – Ljouwert. It stasjon waard iepene op 1 septimber 1868. Op 30 maaie 1999 waard de oarspronklike stasjonsnamme Grouw-Irnsum oanpast oan de nije Fryske stavering fan 1989.

It earste stasjonsgebou bestie fan 1867 oant 1879, doe't it ferfongen waard troch in nijer, heger gebou. Dat waard yn 1976 op syn beurt ferfongen troch in moderner, ienfâldiger bouwurk.

Treinferbinings Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster 9000 Sprinter (NS) Ljouwert - Grou-Jirnsum - Meppel - Lelystêd Rydt om 'e healoere. Rydt jûns en wikeins allinnich tusken Ljouwert en Swol (ienris yn 'e oere). Nei 21:00 oere ienris yn 'e oere it hiele trajekt.

Sjoch ek Spoarstasjons yn Fryslân

Grou-Jirnsum Kategory:Grou Kategory:Jirnsum Kategory:Bouwurk yn Boarnsterhim Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1879 Kategory:Bouwurk út 1879 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1976 Kategory:Bouwurk út 1976