Henk Prins (Hurdegaryp, 8 april 1967) is in Fryske gûchelder.

Prins is in spesjalist yn it close-up gûcheljen, ek wol table-magic neamd. Dat bestiet út: it gûcheljen mei de noas der boppe-op. gûcheljen mei alledeiske foarwerpen, bûsehifkjen. Hy wurket mei humor en magy wêrby't entertainment foarop stiet.

Henk Prins wûn twa kear de earste priis by de Nederlânske kampioenskippen Gûcheljen (1999 en 2001). Mei syn bühne-act wûn hy by de Nederlânske Kampioenskippen in twadde priis (2000).

Keppeling om utens Henk Prins op humor-goochelaar.nl

Kategory:Frysk gûchelder Kategory:Frysk kabaretier Kategory:Persoan berne yn Hurdegaryp Kategory:Persoan berne yn 1967