Grammatika is it systematysk beskriuwen fan in taal. Jins kompetinsje fan in taal omfiemet fjouwer ferskillende mêden of nivo's:
Fonology - lûdlear Morfology - foarmlear Semantyk - betsjuttingslear Syntaksis - sinlear
De regels fan in letterkombinaasjekar by it op skrift stellen fan in taal binne omskreaun yn in stavering.
Wurdsoarten
Wurden kinne om har doel of skiedberens skifte wurde yn wurdsoarten.
Haadwurd substantyf Eigenskipswurd adjektyf Tiidwurd ferbum Lidwurd artikel Telwurd numerale Foarnamwurd pronomen Bywurd adverbium Ferhâldingswurd preposysje Bynwurd konjunksje Utropwurd ynterjeksje
Sindiel Sindielen kinne mei de neikommende grammatikale begripen beskreaun wurde:
Underwerp subjekt Persoansfoarm finite ferbumfoarm It stelde predikaat Saaklik foarwerp objekt Persoanlik foarwerp datyf Ferhâldingswurdfoarwerp Oarsaaklik foarwerp Komplemintearjende bepalings
Namfal Der binne acht namfallen dy't yn Indo-Europeeske talen brûkt wurde koene. Lykwols hoecht it net sa te wêzen dat in taal alle namfallen hawwe moat. It Dútsk hat fjouwer, it Russysk seis:
Nominatyf Genityf Datyf Akkusatyf Fokatyf Ablatyf Lokatyf Ynstrumintalis
De bûging fan wurden kin feroarje neffens de grammatikale kategoryen namfal, oantal, of geslacht.
Kategory:Taal Kategory:Taalkunde