Baruch de Spinoza (Amsterdam, 24 novimber 1632 – De Haach, 21 febrewaris 1677) wie in Nederlânsk filosoof fan Sefardysk-Joadsk etnysk komôf. Hy wurke as in sljochtwei linzesliper en wie de soan fan Portegeeske ymmigranten. Hy wurdt meastentiids 'Baruch de Spinoza' of Baruch Spinoza neamd, mar somtiden ek wol Benedictus de Spinoza, Bento de Espinosa of Bento d'Espiñoza. As tinker wie Spinoza in eksponint fan it rasjonalisme en yn 'e mande mei René Descartes en Gottfried Wilhelm Leibniz ien fan 'e ierste fertsjintwurdigers fan 'e Ferljochting. Hy is sûnder mis ien fan 'e wichtichste filosofen fan Nederlânske boaiem en heart ta it lytse selskip fan klassike filosofen dy't byldbepalend achte wurde foar de skiednis fan it Westerske tinken. Op religieus mêd wied er ien fan 'e grûnlizzers fan 'e moderne bibelkrityk. Syn ideeën, dy't yn syn eigen tiid tige kontroversjeel wiene, laten ta syn ferstjitting út 'e Portegeesk-Joadske mienskip fan Amsterdam. Hy kaam jong te ferstjerren, en syn magnum opus, de Ethica, waard postúm útjûn.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Oer it libben fan Spinoza is mar in bytsje bekend dat sûnder mis op wierheid berêst. De boarnen dêrfoar binne inkele dokuminten en Spinoza syn eigen briefkerij. Hy waard op 24 novimber 1632 berne yn Amsterdam as Baruch, soan fan Michael d'Espinoza en dy syn twadde frou Hanna Debora. Syn âlden makken diel út fan 'e nije mienskip yn Amsterdam fan Sefardysk-Joadske flechtlingen dy't har dêr fêstige hiene om te ûntkommen oan 'e leauwensferfolgings yn Spanje en Portegal. Spinoza syn ropnamme wie Bento, en syn memmetaal wie it Portegeesk. Dêrnjonken learde er as jong bern ek al Spaansk, Hebriuwsk en Nederlânsk te sprekken. It Latyn, de taal, dêr't er letter al syn wurken yn skriuwe soe, waard him pas folle letter bybrocht, doe't er as folwoeksene nei in priveeskoalle gie dy't Franciscus van den Enden yn 1652 yn Amsterdam iepene.

Spinoza wie al op jonge jierren nijsgjirrich nei alderhanne saken. Oer syn jonkheid is lykwols net in soad bekend. Hy soe in tradisjonele joadsk-religieuze opfieding hân hawwe, en nei de jesjiva (joadsk-religieuze skoalle) fan 'e foaroansteande rabbyn Saul Levi Morteira gien wêze. Dêrnjonken krige er ek les fan 'e folle minder tradisjonele rabbyn Menasseh ben Israel, dy't gedoente hie mei lju as Gerard Vossius, Hugo de Groot en Rembrandt van Rijn. Doe't er santjin jier wie, briek Spinoza syn nei't it skynt gâns ûnthjittende religieuze stúdzje lykwols ôf nei it hommels ferstjerren fan syn âldere broer Isaäk, wêrnei't er as keapman begûn te wurkjen om yn it plak fan syn broer syn heit op te folgjen.

It is net bekend wannear't Spinoza syn oplieding by Van den Enden begûn; neffens guon soe dat al yn 1654 west hawwe, doe't er tweintich jier wie, wylst oaren miene dat it pas yn 1657 wie. Hoe dan ek, Van den Enden, in úttreden âld-jezuyt dy't troch de Roomsk-Katolike Tsjerke beskôge waard as in ateïst en ketter, hie nei alle gedachten in grutte, miskien sels wol beslissende ynfloed op Spinoza. Troch it filter fan Van den Enden waard Spinoza bekend mei de Westerske wittenskip en filosofy, wêrûnder it wurk fan René Descartes. Dat hie fan gefolgen dat Spinoza tinkbylden begûn te ûntjaan dy't net oansleaten by en net akseptearre waarden troch syn eigen mienskip.

Ferstjitting As jongeman rekke Spinoza al rillegau yn konflikt mei de Portegeesk-Joadske mienskip fan Amsterdam. Hy wegere him te hâlden oan 'e skreaune en ûnskreaune regels en toande in beskate ûnferskillichheid foar de joadske earetsjinst oer. Mei syn suster Rebekah krige er spul oer it beërf fan harren heit, dy't yn 1654 ferstoar. Rebekah easke dat op, mar Spinoza fûn dat hy der rjocht op hie en spande in rjochtsaak tsjin har oan. Nei't er dy wûn hie, died er frijwillich ôfstân fan it beërf en droech it oer oan Rebekah. Dy kwestje joech in protte rebûlje. Letter waard Spinoza troch in joadske fûnemintalist mei in mês oanfallen by de doar fan 'e Portegeesk-Joadske synagoge yn Amsterdam.

De Sefardyske mienskip woe net opfalle. De leden wiene foar it meastepart saneamde converso's of bern fan sokken: joaden dy't yn Spanje en Portegal ûnder twang ta it kristendom bekeard wiene en harren jierrenlang as kristenen holden en droegen hiene, oant it harren slagge om dy lannen te ûntflechtsjen. Troch oare joaden waard mei in beskate erchtinkendheid nei harren sjoen, ûnwis oft se wol 'wiere' joaden wiene, of dat se by it minste of geringste wer fan religy wikselje soene. Sadwaande woene de Sefardyske joaden fan Amsterdam har strikt oan 'e joadske lear en geboaden hâlde en net opfalle. Underlinge konflikten waarden binnenskeamers oplost en net foar de rjochtbank, en fan net ien waard ôfwiking fan 'e regels akseptearre. De mienskip koe dêrom sok oandachtlûkend hâlden en dragen lykas Spinoza sines misse as pinemûle.

It wie lykwols in religieus skeel dat úteinlik ta in brek late. Trochdat syn bibelstúdzje yn 'e jesjiva oanfolle wie mei kennis fan 'e moderne filosofy, koe Spinoza beskate dogma's fan it joadendom net mear goedkrije. Yn 't bysûnder gie it dêrby om it learstik, dat de profeet Mozes de Torah, de earste fiif boeken fan 'e Tenach, de joadske Bibel, skreaun hie. Dêropta leaude Spinoza net yn 'e ûnstjerlikens fan 'e siel en ek net yn 'e foarbeskikking fan God. Doe't dúdlik waard dat er ûnwillich wie om 'e joadske dogma's te ûnderskriuwen, waard er op 27 july 1656 as ketter út 'e Sefardyske mienskip set. Der waard in ban oer him útsprutsen, wat betsjutte dat gjin inkeld lid fan 'e mienskip noch kontakt mei him hawwe mocht, sels syn eigen famyljeleden net. De ban wie net ûnomkearber, en as er blykjûn hie fan berou en him ûnder de regels fan 'e mienskip deljaan woe, hied er wer yn goedens oannommen wurden. Dat wie foar Spinoza, dy't sels ek al in beskate ôfstân fan 'e Sefardyske mienskip nommen hie nei de rjochtsaak tsjin syn suster of de mêsoanfal bûten de synagoge, lykwols in brêge te fier. Syn wegering om te bûgen betsjutte ek de ein fan syn rol yn 'e hannelsfirma dy't er tegearre mei syn broer Gabriël dreau.

Lettere jierren Nei syn ferstjitting út 'e Sefardyske mienskip neamde Spinoza himsels tenei Benedictus. Hy gie lykwols nea oer nei it kristendom. Ynstee bewarre er in feilige ôfstân fan eltse foarm fan organisearre religy. Koart nei syn ferstjitting út 'e Sefardyske mienskip waard Spinoza op lêst fan it Amsterdamske gemeentebestjoer, dat goede kontakten mei de Joadske mienskip ûnderhold, út 'e stêd set. Hy ferbleau doe in skoft yn of by Ouderkerk oan de Amstel, mar doe't it trelit wat delbêde wie, koed er weromkomme yn Amsterdam, dêr't er noch oant 1660 of 1661 tahold. Neitiid ferfear er nei Rynsburch, by Leien. Dêr wenne er twa jier, wêrnei't er 1663 yn Foarburch kaam te wenjen en yn 1670 yn De Haach. Wêrom't er sa faak ferhuze is net alhiel dúdlik. Men tinkt dat er benammen rêst socht. Ek al hied er noch neat publisearre, dochs wie syn namme al wol bekend. Hy woe net hieltyd steurd wurde troch besite. Nei bûten ta died er him foar as in sljochtwei sliper fan linzen foar mikroskopen en tilleskopen, wat it berop wie dêr't er mei yn syn libbensûnderhâld foarseach.

Amsterdam Yn syn lêste jierren yn Amsterdam skreau Spinoza syn Koarte Ferhanneling, offisjeel de Tractatus de Deo et Homine Ejusque Felicitate, dy't er by syn libben nea publisearre. Hy naam oan (en mei goede reden) dat sa'n publikaasje ferbean wurde soe, mei't de ideeën dy't er deryn utere foar dy tiid tige radikaal wiene. Pas omtrint 1810 waard dit wurk werûntdutsen yn twa Nederlânsktalige oersettings fan it Latynsktalige orizjinele manuskript. It waard pas yn 1867 foar it earst publisearre. Ek skreau Spinoza yn deselde snuorje, om 1660 hinne, de ûnfoltôge bleaune Tractatus de Intellectus Emendatione, oer de foarmen fan persepsje. Dat wurk waard postúm yn 1677 publisearre.

Rynsburch Ut 'e perioade dat Spinoza te Rynsburch wenne, komme de earste taastbere spoaren fan syn wurk. De earste brieven fan en oan him datearje út 1661. Tsjintwurdich is it hûs dêr't Spinoza yn Rynsburch wenne, in museum dat oan him wijd is. Ut 'e briefkerij is dúdlik wurden dat Spinoza yn Rynsburch in begjin makke mei de systematyske útinoarsetting fan syn eigen wiisgearige stelsel, dy't úteinlik liede soe ta syn meast ferneamde en ynfloedrykste wurk, de Ethica. Yn Rynsburch skreau er ek it earste wurk fan sines dat publisearre is. Dat wie Renati Des Cartes Principia Philosophiae, in bewurking fan in boek fan René Descartes. In studint, in Johannes Caesarius, hie him frege om ûnderrjocht yn 'e cartesiaanske wiisbegearte, en Spinoza bewurke syn lessen op fersyk fan syn Amsterdamske freonefermidden ta in ferklearjende publikaasje oer de tinkbylden fan Descartes. Hy wie doe noch net safier dat syn eigen ideeën al ryp wiene foar publikaasje.

Foarburch De Principia ferskynde yn 1663, doe't Spinoza al ferhuze wie nei Foarburch. Yn 1664 folge in Nederlânsktalige oersetting. Yn Foarburch wurke Spinoza fierder oan syn Ethica, in aktiviteit dy't er inkeld ûnderbriek foar it skriuwen fan in oar grut wurk fan sines, de Tractatus Theologico-Politicus (oftewol it "Teologysk-Polityk Traktaat"). Dêrmei woed er oantoane dat de frijheid fan tinken en dus fan filosofearjen in ûnmisber ûnderdiel is foar it slagjen fan eltse steat. Oanlieding foar dat wurk wiene ûnderfinings út Spinoza syn priveesfear.

Yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen bestie yn 'e santjinde iuw grutte frijheid, fral yn ferliking mei de sitewaasje yn oare Jeropeeske lannen út dy tiid, mar dy frijheid hie wol grinzen. Dat ûntdiek Spinoza trochdat syn freon en folgeling Adraan Koerbagh yn 1668 yn it tichthûs kaam. Reden dêrfoar wie dat er opstokeljende teksten skreaun hawwe soe. In jier letter kaam Koerbagh te ferstjerren. Syn dea moat Spinoza djip rekke hawwe, mar der is gjin reäksje fan bewarre bleaun. Wol waard Spinoza yn 'e rin fan 'e jierren foarsichtiger. Hy naam as biedwurd caute ("hoedenens") oan, in wurd dat er yn syn segelring gravearje liet.

De Tractatus Theologico-Politicus ferskynde yn 1670 anonym en mei in falsk útjouwersadres. Spinoza woe ek net dat der in Nederlânske oersetting fan kaam. Dat soe foar de autoriteiten nammentlik in reden wêze kinne om ek it Latynske orizjineel te ferbieden. Mar nei it Rampjier 1672, dat de ein fan it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek en de weromkear fan it Hûs Oranje-Nassau yn it sintrum fan 'e macht betsjutte, boaze it politike klimaat yn it gewest Hollân sa fluch oan dat it wurk dochs ferbean waard. It effekt fan it ferbod bliek lykwols goed foar it boek te wêzen, en de útjouwer joech noch ferskate nije (klandestine) printingen út.

De Haach Wierskynlik yn 1670, mar yn elts gefal earne tusken septimber 1669 en febrewaris 1671, ferfear Spinoza nei De Haach. Hy wenne dêr earst oan 'e Stille Veerkade, mar yn maaie 1671 kaam er by de famylje Van Spijk oan 'e Paviljoensgrêft te wenjen, dêr't er oan syn dea ta bliuwe soe. Yn De Haach libbe er fan in lyts pinsjoen dat him takend wie troch de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt en in lyts jierjild fan 'e broer fan syn ferstoarne freon Simon de Vries. Hy wurke oan 'e Ethica, skreau in ûnfoltôge grammatika fan it Hebriuwsk, sette útein mei syn, krektlyk ûnfoltôge bleaune, Tractatus Politicus ("Polityk Traktaat") en skreau twa koarte wittenskiplike essays ("Oer de Reinbôge" en "Oer de Kânsberekkening"). Ek prebearre er in Nederlânsktalige oersetting fan 'e Bibel te meitsjen, mar it wurk dat er dêroan die, ferneatige er letter sels.

Doe't in breinroere kliber folk op 20 augustus 1672 de bruorren De Witt lynchte, makke Spinoza dat fan tichteby mei. It skokte him sa, dat er in plakkaat by it plak dêr't it bard wie ophingje woe. Dat soe him nei alle gedachten djip yn 'e swierrichheden brocht hawwe, it politike klimaat yn acht nommen, mar syn hûsbaas wist it him te ûntpraten.