thumb|200px|In print fan de Hoytemastate út 1722, tekene troch Stellingwerf. De tekening is yn it Printekammenet fan it Frysk Museum yn Ljouwert. thumb|200px|Wapenstien út 1660 wêrop de kombinearre famyljewapens fan de famyljes Hoytema en Ockema te sjen binne. De tekening komt út it Printekammenet fan it Frysk Museum yn Ljouwert. De Hoytemastate stie yn Jonkershuzen en hie in oerflakte van 92 pûnsmiet en 33 bunders. De state wie neamd nei Homme Hoytema (ek bekend as: Homme Hoytema fan Ockema), de (foar safier bekend) ienige aadlike bewenner dy't Buwaldabuorren wierskynlik ea hân hat. Boppe de poarte fan de pleats liet Homme yn 1660 in wapenstien ynmitselje wêrop in nij wapen te sjen wie: Hoytema fan Ockema. De âlde wapens Hoytema en Ockema waarden kombinearre.
Homme boaske in Siu Oenema út Bualda. Har famylje wie al lange tiid eigener fan de state. Hjirnei bewennen noch inkele generaasjes Hoytema de foarname state. Sels op lânkaarten stiet de Hoytemastate. Yn 1779 is de state ôfbrutsen en werboud. Yn 1906 is de state finaal ôfbrutsen en waard de terp wêrop dizze stie ôfgroeven. By it ôfgraven fan de terp waard in sittende skrinkelman fûn.
List fan eigeners fan de Hoytemastate Jier Brûker Eigener 1503 Abbe Gerckes toe Bualda Tryn Haersma 1525-1526 Gatze Abbes fan Oenema Fan Broersma 1578 Sibble Gatzes Oenema Siu Andlesdr. Rispens voor 1640 Siu Oenema út Bualda Homme fan Hoytema 1640 Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema (echtpear) Auck Hoytema út Bualdabuyren en Sybolt Taeckles Ockema 1670 Homme Hoytema fan Ockema Homme Hoytema fan Ockema 1698 Sybolt & Margaretha fan Hoytema De bern en erfgenamten fan Rombartus fan Hoytema silger 1708 Sybolt en juffer Maria fan Hoytema Sybolt en juffer Maria fan Hoytema 1718 Sybolt en juffer Maria fan Hoytema Evers Tjerckes 1728 Ysbrand Tjalles Feyte Martens 1738 Ysbrand Tjalles Jan Tjerx's widdo 1748 Ysbrand Tjalles Minse Wybes 1758 Ysbrand Tjalles Wybe Teekes 1768 ½ Epke de Roos Hepke Laaszes' widdo (de famylje naam yn 1812 de namme "Van der Zee" oan) ½ Jelle de Roos 1778 ½ Epke de Roos Hepke Laaszes' widdo ½ Jelle de Roos 1788 Epke de Roos Johannes Hepkes (van der Zee) 1798 Epke de Roos Johannes & Zijltje Hepkes (van der Zee) 1818 E. Bynnema Fokke, Jetje, Jacoba, Lodenia, Elbrig Hyltje Hepkes van der Zee 1828 Petronella Adriana Bienema Hyltsje Hepkes van der Zee 1838 Petronella Adriana Bienema Hepke Hyltjes van der Zee 1843 Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma (echtpaar) Djurre Hanzes Zijsling en Tjerkje Oeges Breeuwsma 1876 Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus (echtpear) Hans Djurre Zijsling en Wopkjen Rusticus 1883 Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma (echtpaar) Rienk Teakes van der Weij en Jiskjen Asma 1899 Rients Taekes van der Weij Rients Taekes van der Weij 1900 Fan 7 maaie 1900 oant 1906 lichtwol ûnbewenne
Keppeling om utens Webstee Tsjerkwert, wêrûnder it skreaune materiaal fan Jacob Ysbrand Galama.
Kategory:Stins Kategory:Tsjerkwert Kategory:Jonkershuzen Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Wûnseradiel Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1503 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1906