thumb|right|150px|It fersetskrús. It fersetskrús is nei de Militêre Willems-Oarder en de dêrmei ferbûne Earesabel de heechste Nederlânske ûnderskieding, dy’t bedoeld is foar persoanen dy’t yn de Twadde Wrâldkriich harren dwaande hâlden hawwe mei ferset tsjin de Dútske of Japanske besetting. It fersetskrús moat net betize wurde mei it yn 1980 ynstelde fersetsbetinkingkrús.
It fersetskrús is op 3 maaie 1946 by Keninklik Beslút ynsteld, soks as erkenning fan bysûndere moed en belied tsjin de fijannen fan de Nederlânske saak en foar behâld fan de geastlike frijheid. De ûnderskieding waard 95 kear ferliend, wêrfan 93 kear postúm, meastal oan Nederlanners, mar ek in inkele kear oan Belgen en Frânsen. De ienichste dy’t it fersetskrús by it libben krige wie Gerard Tieman.
Skiednis fan it fersetskrús It Nederlânske ferset yn de Twadde Wrâldkriich woe yn 1945 neat witte fan ûnderskiedingen. Minsken woenen net it gefoel hawwe dat se it dienen omdat se idel wiene. It ferset wie yn de kriich libbensgefaarlik west, en it wie ûndwaanlik om ferskil tusken fersetsstriders te meitsjen. Dochs waard in grut oantal Nederlanners dekorearre mei de Britske ‘Kings’s Medal for Courage in the Cause of Freedom', it ‘George Cross’ en de Amerikaanske Medal of Freedom.
Nei de kriich bestie it idee dat it ferset in rol spylje moatte soe yn it Nederlânske bestjoer. Keninginne Wilhelmina spruts oer de fersetsstriders as de nije eallju. De âlde elite hie yn har eagen ôfdien. De fraach kaam op of neist de al besteande Nederlânske militêre ûnderskiedingen lykas de militêre willems-oarder en de Brûnzen Liuw ek in ûnderskieding moast komme foar boargers. It regear frege advys oan in kommisje, de ried foar ûnderskiedingen en earbetoan dy’t op har beurt wer advys frege by de “grutte advyskommisje fan de yllegaliteit en oan de Binnenlânske Striidkrêften. Undertusken krige de ryksmunt al op 28 novimber 1945 de opdracht om in nije ûnderskieding te ûntwerpen.
De fraach fan de regearing waard troch in bepaalde streaming yn it ferset negatyf beoardiele, mar troch de Binnenlânske Striidkrêften waard it posityf besjoen. De regearing wie posityf oer in fersetsûnderskieding foar boargers. Der waard besluten ta in kompromis: it fersetskrús soe allinnich postúm ferliend wurde. Dochs krige ien persoan letter de ûnderskieding doe't er noch libbe en dat wie Gerard Tieman.
Op 7 maaie 1946 waarden de earste fersetskrúsen postúm oan 50 Nederlanners ferliend. De útrikking oan harren famyljeleden barde twa dagen letter yn Paleis op de Daam yn Amsterdam. Op 24 oktober 1946 folgen de earste ûnderskiedingen oan Belgyske en Frânske fersetsstriders. It lêste fersetskrús waard yn 1955 ferliend oan Bernardus IJzerdraat. Yn alle gefallen gie de ûnderskieding mei in persoanlike brief fan Keningin Wilhelmina nei de famylje.
De ûnbekende Joadske soldaat Op foardracht fan de Nederlânske ambassadeur yn de Feriene Steaten, Mr. Eelco Nicolaas van Kleffens, waard op 17 oktober 1947 in fersetskrús takend oan de ûnbekende Joadske soldaat dy’t yn it Getto fan Warsjau syn libben joech foar de frijheid fan alle folken.
It uterlik fan it fersetskrús It fersetskrús is in Latynsk krús fan brûns dat dekt wurdt troch in keningskroan. Op it krús is Sint Joris ôfbyld dy’t fjoerspuiende draak oan syn spear riuwt. Op de earmen binne de wurden “trou oant yn de dea” te lêzen. De efterside fertoant in flamjend swurd mei twa brutsen keatlingen.
Takende fersetskrusen It fersetskrús waard ferliend oan: