De Sint-Willibrordustsjerke op De Lemmer is in oan de apostel Willibrordus wijde roomsk-katolike tsjerke. It is ien fan de tsjerken fan de Hillige Kristoffelparochy, dêr't roomsk Bakhuzen, Balk, De Jouwer, Sint-Nyk, Sleat en Wâldsein by oansletten binne.Side H. Kristoffelparochy

Skiednis De tsjerke is in neogotyske pseudobasilyk mei fjouwer traveeën út 1901 dy't in âldere tsjerke út 1767 ferfong. It bouwurk waard ûntwurpen troch arsjitekt Nicolaas Molenaar, in learling fan Pierre Cuypers. Foar de bou moast in pleast op it plak ôfbrutsen wurde.Stifting Ald Lemmer, oproppen 27 febrewarsi 2022 De Willibrordustsjerke is yn 1993 restaurearre.

Ynterieur thumb|left|175px|Ynterieur It haadalter fan wyt mergel waard levere troch atelier Mengelberg út Utert en is in ûntwerp fan de arsjitekt fan de tsjerke. Oan wjerskanten fan it tabernakel steane Bonifatius (lofst) en Willibrord (rjochts). De bylden fan fan Marije en Joazef yn de sydalters stiene ek al yn foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke.

De ramen yn it koer datearje út 1923 en binne neffens in ûntwerp fan Joep Nicolaas makke troch it atelier H. Derix út Kevelaer. De trije finsters yn 'e midden hawwe âld- en nijtestamintyske foarstellings, wylst op de bûtenste finsters hilligen foarstelle. De acht brânskildere ramen yn de sydskippen út 1945 hawwe foarstellings fan Jezus en binne makke troch Joan Colette.

De krúswei fan de tsjerke wurdt foarme troch oaljeferfskilderijen fan in ûnbekende Dútske skilder en datearret út 1840.

By de yngong fan de tsjerke waard út tankberens dat it doarp De Lemmer yn de Twadde Wrâldkriich sparre waard foar grutskalige ferneatiging yn 1946-1947 in muorreskildering makke. De bylden binne ynspirearre op it ferskinen fan Marije oan trije bern yn Fátima. De balustrade fan it sjongkoar binne fersierd mei foarstellings fan Jezus en de apostels.

Yn 2001 binne de muorreskilderings fan de tsjerke, dy't oarspronklik riker beskildere wie, op 'e nij beskildere.

Oargel It oargel waard yn 1978 boud troch de firma Flentrop.

Pastory De pastory njonken de tsjerke is yn 1908 ûnder lieding fan Herman Kroes út Amersfoart. Oan de oare kant fan de tsjerke stiet Us Thús, it parochyhûs.

Sjoch ek Neogotyske tsjerken yn Fryslân

Keppeling om utens Disposysje oargel op de side fan Flentrop Oargelbou Ofbylden op de side 'Kerkfotografie'

Kategory:De Lemmer Kategory:Tsjerkegebou yn Lemsterlân Kategory:Tsjerkegebou yn De Fryske Marren Kategory:Ryksmonumint yn Lemsterlân Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Bouwurk út 1901 Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Grins-Ljouwert