De Sint-Joazeftsjerke is in roomsk-katolike tsjerke yn Heech.
Skiednis De neogotyske tsjerke út 1876 waard ûntwurpen troch de arsjitekt Pierre Cuypers en wie de fiifde fan 'e yn totaal sân neogotyske tsjerken dy't er yn Fryslân boude. Hy moast lykwols wol in pear eleminten út it ûntwerp fan konkurrint Alfred Tepe oernimme. De tsjerke oan 'e Harinxmastrjitte is in ienskippige krústsjerke en ferfong eartiids in ferboude stâl op itselde plak.
De kânsel en it heechalter binne ek neogotysk. De brânskildere ramen binne makke troch F. Nicolas.
Oargel De tsjerke hat in ienmanualich koeroargel út 1904 fan Johannes Hilboesen mei fiif registers.
Yn Heech stean noch twa tsjerken: De Haghatsjerke (oan 'e Tsjerkebuorren) en de Ichtustsjerke dy't ûntwurpen waard troch Tjeerd Kuipers.
Sjoch ek Neogotyske tsjerken yn Fryslân
Keppeling om utens Ynformaasje oargel
Kategory:Heech Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Grins-Ljouwert Kategory:Tsjerkegebou yn Wymbritseradiel Kategory:Tsjerkegebou yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Wymbritseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út 1876