Mozilla Firefox is in iepenboarne websneuper. De oarspronklike ferzje is út 2002.
Oersetting nei it Frysk Yn april 2006 is in Frysktalige ferzje fan it programma fan de Mozilla-organisaasje klearkaam. Mei de kommando-opsje '--UILocale fy' kin de Fryske oersetting opstart wurde, wannear't dy ynstallearre is.
In Frysktalige iOS-app wurdt oanbean yn iTunes, mar iOS sels stipet it Frysk noch net.
Fryske staveringshifker De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of de 'Frysk Wurdboek'-tafoeging yn Firefox/Thunderbird sels. Yn de lytsere Android/iOS-ferzje sit gjin staveringshifker.
Sjoch ek Mozilla Thunderbird List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Keppelings om utens Thússide fan de Fryske oersetting fan Firefox en Thunderbird
Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2002