thumb|250px|Paul Kruger Stephanus Johannes Paulus (Paul) Kruger (10 oktober 1825 – Clarens, 14 july 1904), ek bekend as 'Omke Paul,' waard berne yn de Kaapkoloanje, tsjintwurdich Súd-Afrika. Hy wie fan Prusyske komôf en in prominint Boere-lieder yn de opstân tsjin it Britske bestjoer en waard op 30 desimber 1880 presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk. Hy waard dêrnei noch trije kear opnij keazen, foar it lêst yn 1898.

Yn 1883 gie hy nei Ingelân om feroarings te bepleitsjen yn de 'konvinsje fan Pretoria' fan 1881 dy't in ein makke hie oan de earste Boereoarloch.

Op 11 oktober 1899 bruts de Twadde Boere-oarloch út. Yn oktober 1900 ferliet Kruger Súd-Afrika mei de Nederlânske kruser De Gelderlân dy't stjoerd wie troch keninginne Wilhelmina. Syn frou Gezina wie op dat stuit slim siik en koe net mei him meigean. Hja stoar op 20 july 1901.

Kruger gie nei Marseille, en bleau it skoft yn Nederlân eardat er nei Clarens yn Switserlân gie, wêr't hy op 14 july 1904 stoar. Hy waard op 16 desimber 1904 begroeven op Church Street cemetery yn Pretoria.

Syn eardere wenhûs yn Pretoria is no it Kruger House Museum.

It Nasjonaal Park Kruger is nei him ferneamd; de Súd-Afrikaanske munt, de Krugerrand, dêr't syn antlit op stiet; en de 'Omke Paul piip' , nei it type piip dat hy smookte.

Keppeling om utens Koarte biografy op de Kruger Nationale Park webstee Langere biografie op de Kruger House Museum webstee Biografy fan Paul Kruger en syn Boerefolk

Kategory:Generaal fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Súdafrikaansk politikus Kategory:Parlemintslid fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Presidint fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Súdafrikaansk balling Kategory:Persoan yn de Twadde Boere-oarloch Kategory:Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Afrikaner persoan Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1825 Kategory:Persoan stoarn yn 1904