De 56ste presidintsfekiezing fan de Feriene Steaten sil op 4 novimber 2008 hâlden wurde. De 56ste presidintsferkiezing sil beskiede wa't George W. Bush opfolgje sil as 44ste presidint fan de Feriene Steaten. De kandidaat dy't 270 of mear kiesmannen fan de Electoral College hat, wint de presidintsferkiezing.

Gadingmakkers foar de ferkiezings

Demokraten Al yn jannewaris 2008 wie it wis dat de Demokraten twa kandidaten hienen om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008, Barack Obama en Hillary Clinton.

De foarferkiezings fan 5 febrewaris 2008, dy't foar de Demokraten yn 21 steaten en de Amerikaansk Samoa hâlden wurde, wie in fuortsetting fan de race tusken Clinton en Obama. Obama wûn yn mear steaten, mar Clinton wûn yn de steaten dêr't mear minsken wenje wêrtroch se mear kiesmannen krige. Sadwaande joech de Super Tuesday by de Demokraten gjin dúdlike winner.(Sjoch ek Super-Ungewissheit nach Super Tuesday fan 6 febrewaris 2008. Dútsk)

Linkendewei wûn Obama yn mear steaten as Clinton. Clinton joech belies op 7 juny en sei Obama stipe ta yn 'e ferkiezing om it presidintskip.

Republikeinen Begjin 2007 wie Rudy Giuliani de favorite kandidaat foar de Republikeinen. Hy hie yn maart in foarsprong op McCain fan likernôch 20%. Mei Mitt Romney en Fred Thompson hie de Republikeinske partij yn 'e twadde helte fan 2007 fjouwer kandidaten om gading te meitsjen foar de presidintsferkiezing 2008. Op 13 maart docht bliken dat John McCain de favorite kandidaat is foar de Republikeinske Partij.Republican Presidential Nomination Ingelsk

Oare kandidaat-gadingmakkers

Oare partijen dy't meidogge oan de presidintsferkiezing binne de Green Party, Constitution Party, Libertarian Party, Prohibition Party, Sozialistische Partei der USA en de Socialist Workers Party.

In kandidaat kin mei in partij of allinnich (independent'') meidwaan oan de presidintferkiezings. Op 24 febrewaris 2008 makket Ralph Nader kundich dat er meidwaan sil oan de presidintsferkiezing fan 2008. Hy die al twaris earder mei, yn 2000 helle er 2,7% fan de stimmen, yn 2004 0,4%.

Resultaat

Gadingmakker Partij Tal stimmen Persint Electoral College Boarne John McCain Republikeinske Partij 52,257,739 47% 162 Q Barack Obama Demokratyske Partij 57,675,402 52% 349 Q

</div>

Sinteraasje <center>jannewaris oant july 2008</center> Gadingmakker Partij Jeften (USD) Utjeften (USD) Kontant jild (USD) Tekoart John McCain Republikeinske Partij 401.327.135 335.489.325 65.837.810 915.894 Barack Obama Demokratyske Partij 171.092.491 149.675.028 21.417.463 2.003.357

Sjoch ek Presidint fan de Feriene Steaten

Ferwizing nei boarne

Keppeling om utens Washington Post: The Presidential Feld Ingelsk New York Times: Who's running? Ingelsk Los Angeles Times: In the running Ingelsk CNN: 2008 Candidates Ingelsk Forbes: 2008 Candidate forum Ingelsk MSNBC: Issues + candidate matrix Ingelsk

Presidintsferkiezings 2008 Kategory:Barren yn 2008