thumb|Segel fan de Amerikaanske presidint De Presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika is it haad fan de útfierende macht fan de Feriene Steaten. Syn offisjele wurkstee en wenstee is it Wite Hûs yn Washington. De Presidint is opperbefelhawwer fan lânmacht en marine, de loftmacht bestie noch net doe't de taken fan de Amerikaanske presidint fêstlein waarden yn de grûnwet fan 1789. It foech dat de presidint hat neffens de grûnwet fan 1789: It meitsjen fan in wet troch útstel fan it Amerikaansk Kongres It ynstellen fan advyskommisjes It ferlienen fan graasje Mei goedkar fan de Amerikaanske Senaat kin de presidint: It sluten fan ferdraggen It foardragen fan Amerikaanske ambassadeurs It foardragen fan rjochters

Sjoch ek List fan Amerikaanske presidinten Amerikaanske presidintsferkiezings 2008 Amerikaanske presidintsferkiezings 2012 Amerikaanske presidintsferkiezings 2016

Kategory:Polityk yn de Feriene Steaten