It Gemaal fan Ychten waard boud yn 1913 en ferfong in âlder gemaal út 1865.

It gemaal wie in stoomgemaal, maar waard yn 1925 elektrysk. De oerstallige skoarstien waard inkele jierren letter ek ôfbrutsen. It gemaal stiet by de Tsjûkemar en lost it wetter fan de Feanpolder fan Ychten. Yn 2007 krige it eardere stoomgemaal wer in skoarstien. Dat wie in skoarstien fan in fabryk út Snits. It gemaal falt no ûnder de monumintesoarch, mei't it sûnt 2000 in ryksmonumint is.

It oare stoomgemaal yn de gemeente De Fryske Marren is it folle ferneamdere yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer.

Tsjûke en March Neist it gemaal stiet it byld fan Tsjûke en March, oan dêr't de Tsjûkemar nei neamd wêze soe neffens in âld folksferhaal. thumb|left|Gemaal fan Ychten.

Sjoch ek Gemalen yn Fryslân

Kategory:Ychten Kategory:Bouwurk yn Lemsterlân Kategory:Bouwurk yn De Fryske Marren Kategory:Ryksmonumint yn Lemsterlân Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Ichten Kategory:Bouwurk út 1865 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1913 Kategory:Bouwurk út 1913