De Grutte Mûne is in achtkante poldermûne by Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Skiednis De mûne waard yn 1845 boud. Earder bemealle de mûne likernôch 2100 pûnsmjitte, mar tsjintwurdich wurket allinnich noch yn sirkwy. Ta itselde wetterskip hearde de lytsere en westliker steande Klaailânsmûne, dy't by drûchte ynmealle. Yn wietere tiden mealle de Klaailânsmûne it wetter nei de Grutte Mûne, dy't it dan trochmealle nei de boezem. Earder hiene de wjukken selsswichting, dy't ferfongen binne troch Dekker streamlinenoazen mei silen en dêrnei troch fokwjukken.

De Grutte Mûne is mealree en wurdt betsjinne troch in frijwillige mûnder. Eigener is Stifting De Fryske Mole.

Beskriuwing De Grutte Mûne is in foarse muonts. De achtkante, reiddutsen mûne stiet op mitsele fjildmuorren en hat in stielen wjukkekrús mei fokwjukken en Aldhollânsk hekwurk. De flecht is 23 meter.

Sjoch ek Mûnen yn Fryslân

Keppeling om utens Mûnedatabank oer de Grutte Mûne

Kategory:Marrum Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1845 Kategory:Mole yn Ferwerderadiel Kategory:Ryksmonumint yn Ferwerderadiel