De Klaailânsmûne is een achtkante poldermûne westlik fan Marrum.
Skiednis It mûntsje waard boud yn 1865. Eartiids hie de Klaailânsmûne in skroef foar it ynmeallen en ien foar it útmeallen. Beide binne yn 1947 derút helle en ferfongen troch in skroefpompe.
De mûne waard restaurearre yn 1974 en yn 2010 is de mûne fan 't plak helle en nei in restauraasje yn itselde jier werom set.
De Klaailânsmûne is net mealree. Fan de ynrjochting is de keningsspil net mear oanwêzich en de mûne hat allinne noch in boppetsjel. Eigener is de Stifting De Fryske Mole.
Beskriuwing De Klaailânsmûne is in lytse muonts mei in flecht fan 12,70 meter. It houten achtkant stiet op mitsele fjildmuorren en is lykas de kape mei reid dutsen.
Sjoch ek Mûnen yn Fryslân
Keppeling om utens Moledatabank oer de Klaailânsmole
Kategory:Marrum Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1865 Kategory:Ryksmonumint yn Ferwerderadiel Kategory:Mole yn Ferwerderadiel