thumb| right|250px|Sweachmermole De Sweachmermole of Langwarder mole yn Boarnsweach by Langwar waard boud yn 1782 yn opdracht fan grytman jonkhear Frans Julius Johan van Eijsinga.
De wynmole is in achtkante boppekruier. De funksje fan de stellingmole wie polder- en nôtmole. Troch de bou fan in elektrysk gemaal yn 1925 ferlear de mole syn funksje. Nei jierren fan ferfal waard yn 1949 de ‘Stichting ta ynstânhâlding fan de Langwarder mole’ oprjochte. Sûnt 1998 kin de mole wer wetter út de polder mealle. Sûnt 2010 kin de Sweachmermole sawol wetter as nôt bemealle. It is in ryksmonumint.
Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens Moledatabank oer de Sweachmermole
Kategory:Boarnsweach Kategory:Mole yn Skarsterlân Kategory:Mole yn De Fryske Marren Kategory:Ryksmonumint yn Skarsterlân Kategory:Ryksmonumint yn De Fryske Marren Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Bouwurk út 1782