De Zeldenrust ('Seldenrêst') is in nôt- en pelmûne yn Dokkum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mûne is foar it stedsoansjen fan de stêd fan tige grut belang.
Skiednis De mûne waard yn 1862 boud op it plak, dêr't de yn 1861 ôfbaarnde Trijepypstermûne stie. De Trijepypstermûne stie der nei alle gedachten al sûnt 1753. Foar dy tiid stie op it plak in standermûne.Molendatabase, oproppen 9 oktober 2022
Grutte restauraasjes fan de mûne hawwe yn 1968-1969, 1995 en 2010-2011 plakfûn.
Beskriuwing De Seldenrêst is in achtkante stellingmûne mei in stiennen ûnderbou en in houten, reiddutsen romp mei kape. De stelling hat in hichte fan 8,85 meter en de wjukken binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 22 meter. De Seldenrêst is boud as pel- en nôtmûne en is dat noch jimmeroan. Eigener is de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel, dy't sûnt de gemeentefúzje yn 2022 de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân hjit.
De Hoop
De oare Dokkumer mûne op ien fan 'e bolwurken is De Hoop.
Oars Yn 2015 presintearren de Dokkumers Warner Banga en Karel Jongsma fan de wurkgroep 'Molenerf' in plan om in tredde mûne op ien fan de Dokkumer bolwurken te bouwen. De doetiidske gemeente Dongeradiel wiisde oardel jier letter it inisjatyf fan de wurkgroep ôf, om't it plan net passe soe yn de romtlike oardening en it bestimmingsplan. De gemeente omskreau in rekonstruksje fan de mûne op it plak as in 'nijboud dekorstik'.RTV NOF, 23 jannewaris 2017In Dokkum.nl, 22 jannewaris 2017 Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens Mûnedatabank oer De Seldenrêst
Kategory:Bouwurk yn Dokkum Kategory:Mole yn Noardeast-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Noardeast-Fryslân Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole Kategory:Pelmole Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Mole yn Dongeradiel Kategory:Ryksmonumint yn Dongeradiel